goed foarbyld jout en de minsken de romte lit om dat nei te stribjen sil eltsenien it dêr mei iens wêze. As de oerheid in maatregel nimt dy't de üntjouwing fan it yndividu en de tinkwize op in negative wize beynfloedet, is eltsenien it der oer iens dat dat net kin. Oer dit part fan it ferhaal is in diskusje üntstien dy't it kolleezje yn't foar net oersjen koe. Yn de ynlieding fan it kolleezje stiet de sin oer de tinkwize dy't neffens it kolleezje foar ien ütlis fetber wêze koe, mar it hat bliken dien dat der oare benaderingswizen binne en dêrom hat de hear Bouma dat wat omsyld. Fierders wie de foarmulearring oer de bütenlanske wurknimmers ek net sa gelokkich. It kolleezje hat der dan ek net safolle muoite mei om it ütstel fan de hear Bouma oer de ynlieding oer te nimmen. De hear De Wolf hat frege oft yn dat stik "en andere" taheakke wurde kin. Dêr hat sprekker ek net safolle muoite meimar hy tinkt dat as de hear Bouma de tiid krije soe om ut te lizzen wat hy under faksisme ferstie dat dy taheakking ek foar de hear De Wolf net mear needsaaklik wêze soe. It twadde ütstel fan de hear Bouma giet oer it anti-seksisme. Dêryn bemuoit it F.A.F.K. him, neffens de hear Knossen, mei dingen dy't harren net oangeane. It anti-seksisme is in symptoom fan in stelsel dat de swakkeren, en dat kinne dan ek froulju wêze, ünderdrukt. It F.A.F.K. giet op dat symptoom fierder. It ütgongs- punt fan it F.A.F.K., gelikense rjochten foar man en frou, is it kolleezje it mei iens, mar de ütwurking, dat de maatskiplike omstannichheden dêr alhiel gjin ynfloed op hawwe meie giet üs wat te fier. Mei it tige düdlike foarbyld is dêr dan ek distansje fan naam. Dat hat wol wat te absoluut wurke en dat wie it doel ek net. It kolleezje fynt de tekst fan de hear Bouma dêrom wol in goed kompromis. Fierder 'wie der it ütstel om yn punt 9 it wurd kunnen' ferfalle te litten. Dêr hat it kolleezje gjin muoite mei. De hear De Wolf freget him öf wa't ütmeitsje sil hokker groepearring wol en hokker net fergunnings hawwe moatte. Dit kin allinnich mar yn it ramt fan de wetlike bepalings besjoen wurde. Oan dy regels hat it kolleezje him te halden, mar dochs kin men ek dan attint bliuwe op faksis- tyske tendinzen. As it .yn't foar düdlik is dat der dingen barre sille dy't yn striid wêze sille mei de wet dan moat dêr fuort op réagearre wurde. Mei ütstel fjouwer fan de hear Bouma om by punt 10 de omskriuwing te feroarjen yn: Wij nemen ons voor groeperingen die de bestrijding fan fascistische ver schijnselen actief ter hand nemen, zoveel mogelijk te ondersteunen" hat it kolleezje yn ideologysk opsicht net folie muoite mei. De hear Terpstra neamt dit himelbestoarmjen, mar sprekker is fan betinken dat hjir oer in maatskippij-Ontwikkeling praat wurdt dy't net safolle mei de himel hat üt te stean. It liket him dêrom net ferkeard dat der ris mei elkoar oer praat wurdt om te besykjen dy maatregels te finen dy der foar soargje kinne dat dizze Ontwikkelingen keard wurde kinne. Sprekker is it ek mei de hear Knossen iens dat net rjocht düdlik is wêr't jins taak begjint en wêr't dy ophaldt en dêrom wol hy yn dy sin ek wol in fraachteken hjirby sette. De hear Bouma is bliid mei de réaksje fan it kolleezje oer syn ütstellen. Dochs wol hy noch efkes réagearje op de sprekkers dy't nei him oan it wurd west hawwe. Der wurdt hjir jun praat oer in réaksje op in stik dat ek foar de takomst it belied wêze sil. Dêrom hoecht der net fierder praat te wurden oer wat it F.A.F.K. wol of net ta har taak rekkenje mei. It F.A.F.K. hat syn bydrage levere troch der op te wizen dat de oerheid op dit mêd ek wol wat dwaan kin en moat. Dat waard altyd al dien, mar no komt it ris in kear op inrychje. It stribjen is in belied te meitsjen dat der foar soarget dat faksistyske eleminten yn de gemeente Idaar- deradiel de lokale oerheid op syn paad fine sille. Dat de hear Knossen it net terjochte fynt dat it F.A.F.K. seit de oerheid moat dit en de oerheid moat dat, is hy it wol mei iens. Dochs kin de oerheid dy oanwizings brüke om in eigen be lied op te setten. Dat dêrby dochs de ynfloed fan de oerheid beheind is is eltsenien it wol mei iens. De hear De Wolf hat sein dat it stribjen wêze moat om tsjin alle tendinzen dy't anti-demokratysk binne, op te treden. Foar sprekker haldt it begryp 'faksisme' alle groepearrings yn dy't de frijheid en de gelykweardigens fan de minsken

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 23