- 10 - oantaasteHy hat gjin beswier tsjin de taheakking 'en andere' yn de ynlieding, mar foar himsels hearre alle groepearrings der by. Fierder hie de hear De Wolf ek by it Gnderwiis de taheakking dat der ek wiisd wurde moat op oare ündemokratyske stelsels. Sprekker is it der folslein mei iens dat alle stelsels beljochte wurde moatte, mar oft dat hjir yn dizze beliedsnotysje opnommen wurde moat, liket him wat oerstallich. Foarsafier it mei it faksisme te krijen hat, stiet it al yn dizze notysje en hat it der net mei te krijen dan moat it ek net yn dizze notysje opnommen wurde. Wat it ferlienen fan fergunnings oanbelanget tinkt sprekker dat it giet om wat de ferliener seis ferstiet ünder faksisme. Oan de han dêrfan kinne kriteria oanlein wurde. De hear Knossen hat sein dat de grün foar dit stik de ekonomyske krisis wie, mar dat is net it ütgongspunt fan sprekker. Hy hat syn ferhaal basearre op de Anne Frank-Stifting en net op in politike oertsjoeging. Neffens him is it faksisme net yn politike rjochtings ünder te bringen en dêrom fertsjinnet de bestriding fan it faksisme algemiene stipe. Ek kin it jaan fan fergunnings hiel goed oan de han fan de rjochtlinen fan de Anne Frank-Stifting, om't dy dêryn düdlik makke hat wat der ferstien wurde moat ünder faksisme. Sprekker is bliid dat it kolleezje sa posityf réagearret op de ütstellen dy't hy oangeande de notysje dien hat. De hear Terpstra hat dizze notysje sjoen as in andert nei it F.A.F.K. ta en dêrom hat hy gjin ferlet fan in ynhaldlike diskusje. No wurdt der sein dat dizze stikken ütgeane as it belied fan ried en kolleezje en ek dêr hat hy gjin beswieren tsjin, as dan mar oan it F.A.F.K. düdlik makke wurdt dat it hjir om it belied fan ried en kolleezje giet. Dat fynt hy in wichtich betingst. Fierder kin hy him wol fine yn de stikken fan it kolleezje en de P.v.d.A. De hear De Wolf wol noch wolris düdlik meitsje hokker oanfollings hy hat op de stikken fan de hear Bouma. Yn de ynlieding soe dan taheakke wurde moatte nei "voor deze" "en andere". Hy wol dat dan by it ünderwiis ek jerne apart neame. Nei "tot bestrijding van het fascisme" soe der dan oan taheakke wurde moatte "en andere systemen die in hun ideologie of in de praktijk de mensenrechten geweld aandoen". Dit liket him wol sa düdlik en dan hoecht ek oer de fraach wat men krekt ünder faksisme ferstiet, net mear praat te wurden. De hear Bouma hat gjin beswieren tsjin dizze oanfollings en hy fynt dat it wol as ien ütstel sjoen wurde mei. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten met dien verstande dat voor de punten 159 en 11 de voorstellen van de heer Bouma worden overgenomen en bij de punten 1 en 6 de amandementen van de heer De Wolf. 8. Voorstel tot wijziging van de parkeerexcessenverordening. De hear De Wolf fynt dit ütstel in goede wiziging fan de oardering om't oan de han fan de earste oardering it net mooglik wie om earne mei in bestelbus mei reklameteksten in plak te finen om te parkearen. Hy freget, of as der yn it stik praat wurdt oer de nacht en it wykein, yn de oardering seis goed omskreaun is wat dêr ünder ferstien wurdt. De foarsitter andert befêstigjend. Zonder verdere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 9Voorstel om een krediet beschikbaar te stellen ten behoeve van de uitvoering van een verkeerskundig onderzoek te Irnsum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 25