- 12 - De foarsitter andert dat de beropssaken hjir net by yn sitte. Taksateurs wurde tsjintwurdich ek wat hoedener mei dit soart saken, om't der wolris massale aksjes üt de befolking wei tsjin it gemeentlik belied halden wurde kinne. Dat soe foar sa'n man in grutte strop wurde kinne. De priisopjefte hie gans heger west as dat risiko der yn belutsen west hie, mar sjoen de ünderfiningen üt it ferline doe't de kosten foar beropssaken altyd benei it selde west hawwe, hat it kolleezje frege om in opjefte sünder beropssaken. Dêr sit fansels wol noch wat in risiko yn. It haldt yn dat der boppe it bedrag fan it oanbod noch sa'n 10.000,= oant 15.000,= oerhinne komme kinne foar de beropssaken. Dat liket sprekker net sa raar ta. Zonder verdere discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 17. Comptabiliteit. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 18. Voorstel tot het aanschaffen van leer- en hulpmiddelen voor de Carel van Roorda- school voor Mavo-onderwijs te Grouw. 19Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit ex artikel 21 van de wet op de ruimtelijke ordening voor de bouw van een kapschuur-wagenberging op een perceel aan de Leppedyk te Grouw. De hear De Wolf hat noch in lyts puntsje fan oarder. Hy freget him öf oft it wol kin dat in foarsitter sünder amtskeatling sa'n iepenbiere gearkomste foar sit. Is dizze gearkomste dan wol jildich, sa freget hy him öf. De foarsitter bêdet de hear De Wolf wat del. Sprekker tinkt dat it wol in jildige gearkomste wie om't hy alle kearen de hammer falle litten hat op in spesiale wize dy't hy by de gearkomsten fan de Regio Fryslan-Noard leard hat. De hear De Wolf fynt hjiryn treast. De foarsitter slüt hjirnei de gearkomste en winsket eltsenien, foarsafier't men it noch net han hat, in goede fakansje ta. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 20 september 1983. Alsvoren. Alsvoren Öi V*

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 29