GEMEENTE IDAARDERADEEL Notulen van de openbare vergadering van de raad van de gemeente Idaarderadeel op dinsdag 12 juli 1983, 's avonds om 19.30 uur. Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder) en A. Faber-Mintjes en de heren G. Bouma, J. van der Goot, P. Knossen, R. Koopmans, K. Schermer, Th. Terpstra, P. de Visser en F. de Wolf. Afwezig: mevrouw A. Dekker-van Schaik en de heren G. van Essen en B.G. Holtrop (burgemeester) Voorzitter: de heer D. van Gorkum (wethouder) Secretaris: de heer P.H. Starreveld. Opening. De foarsitter iepent de gearkomste en hjit eltsenien tige wolkom. Berjocht fan behindering is ynkomd fan boargemaster Holtrop, mefrou Dekker-van Schaik en de hear Van Essen, dy't neffens sprekker, jün better plak fün hawwe om te rekreearen en it nimmen fan besluten oan de oaren oerlitten hawwe. Hjirnei stelt hy oan de oarder punt: 1a. Notulen van de vergadering van 21 juni 1983. De notulen worden ongewijzigd vastgesteld. 1b. Notulen van de extra vergadering van 29 juni 1983. De foarsitter seit nei oanlieding fan dizze notulen dat it beslüt dat dêr nommen is, wol wichtich is, mar net ta in ütdragene saak kaam is. Miskien dochs wol mei troch it beslüt fan de ried en de provinsje hat de hüsbankier fan Halbertsma fün dat hja seis wol in oplossing biede koene en dêrtroch is de garansjestelling gjin realiteit wurden. Vervolgens worden de notulen ongewijzigd vastgesteld. 2Ingekomen stukken. - Nei oanlieding fan punt 5 seit de hear Bouma dat ünder de öfkoarting 'C.O.G.V.O.1 bedoeld wurdt in oersjoch fan skoallen dy't it op koarte termyn dreech krije. Hy is bliid dat er fêststelle kin dat der yn dizze gemeente gjin skoallen binne dy't ünder dy noarmen falie. Der moat besocht wurde dat sa te halden. Der is hjir mar ien skoalle foar fuortset ünderwiis, de mavo. Sprekker freget oft it net mooglik is om los te kommen fan de 'kategorale' mavo en te stribjen nei fuortset basisünderwiis sa't dit regear dat besiket te berikken. Neffens him biedt dat mear soelaas foar it behald fan it fuortset ünderwiis yn dizze krite, as wannear't it allinnich halden wurdt op in mavo. Hy freget oft dy üntjouwingen bestudearre wurde kinne en oft der besjoen wurde kin oft dat ek foar dizze mavo mooglik is. Wethalder mefrou Aukes andert dat hja in pear wiken ferlyn in oriëntearjend petear han hat mei de ynspekteur foar it fuortset ünderwiis oer de takomst fan de mavo, yn ferban ek mei de tastan yn de nije gemeente Boarnsterhim. Yn Akkrum set yn augustus in iepenbiere mavo/lhno üt ein, en dan binne der yn de nije gemeente twa skoallen foar fuortset ünderwiis. Yn it neamde petear binne wat suggestjes dien en it liket sprekster de baas en bepraat dy ris yn de folgjende gearkomste fan de twadde öfdieling. It doel is ek om dizze diskusje yn de groep dy't dwaande

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 7