- 2 - is it ünderwiisbeliedsplan op te stellen, oan de oarder te stellen. Yn dy diskusjes kinne ek de nije üntjouwingen oan de oarder komme. De hear Bouma is bliid dat der yn septimber yn de twadde ófdieling oer praat wurde sil. Hy freget oft it nettsjinsteande de fakansjetiid, mooglik is om dy nije üntjouwingen dan op in rychje te hawwen en derby de mooglikheden foar de mavo. Wethalder mefrou Aukes kin net tasizze dat it yn septimber allegearre op in rychje stean sil, mar der sil yn elts gefal oer praat wurde hoe't it it béste oanpakt wurde kin. - Oan punt 10 heakket de foarsitter noch ta dat der berjocht kaam is fan Raarderhim, dat dy ried dizze moasje stipet. De ingekomen stukken genoemd onder 1 t/m 10 worden voor kennisgeving aangenomen. - Nei oanlieding fan punt 11 seit mefrou Faber dat de leden fan har fraksje dat brief tekene hawwe en dêrmei de ynhald ünderskriuweDe gemeenten moatte in ünevenredich part fan de besunigingen opbringe. Dat hat net allinnich gefolgen foar it eigen personiel, mar ek foar iepenbiere wurken, renovaasje ensf. Ek hat dat gefolgen foar de boargers. Der binne al wer nije besunigingen oankundige foar de maatskiplike tsjinstferlieningit kulturele wurk en it bibleteekwurk. Foar in grut part wurde dizze koartingen wer direkt of yndirekt ferhelle op de ynwenners, wylst de ynwenners it al swier genöch hawwe. De gemeenten hawwe harren lüd, neffens sprekster, noch net sa faak tsjin de besunigingen hearre litten. Dit brief is in oanlieding om dochs ris massaal kenber te meitsjen oan Den Haach dat it sa net trochgean kin. Hja hopet dat detrettjin riedsleden fan Idaarderadiel dér ek oan mei dwaan wolle. As der genöch stipe üt de gemeenten komt sil der yn oktober in iepenbiere gearkomste halden wurde en fanüt har fraksje komt dêrom ek it ütstel om as ried stipe te jaan oan it initiatyf foar it organisearjen fan sa'n gearkomste oer de besunigingen. De foarsitter seit dat it kolleezje mei opsetsin oan de ried oerlitten hat om hjir in ütspraak oer te dwaan. Fan de kant fan de P.v.d.A. komt it ütstel om in brief te skriuwen, wêryn dizze ried der yn meistimt dat de gemeenten harren lüd hjiroer hearre litte. Dat ütstel hat genöch stipe. De hear De Wolf seit dat de neamde iepen brief wol eleminten hat dy't him oan- sprekke, mar dochs is it neffens him net genöch nuansearre om der mei nei foaren te kommen, mei it idee dat der wat mei berikt wurde kin. Oant no ta is it al linnich in aksje fanüt de fryske gemeenten. Dat fynt sprekker wêzentlik foar it ferhaal om't dêrtroch de yndruk wekt wurdt dat it plattelan him tebekset fielt. Dat docht neffens him ek bliken üt de opmerking oer de finansiële ferhaldingswet. Wol men dér dan mei effekt tsjinoan gean, dan sille der wat mear gegevens komme moatte. It ferhaal sprekt him wol oan mar it sil dochs goed ünderboud wurde moatte. Dy finansiële ferhaldingswet is in komplekse matearje. De grutte gemeenten hawwe in öfgryslik foardiel boppe de plattelansgemeenten. De ütkearing fan it ryk per ynwenner is foar de grutten yndied folie heger. Dochs liket it sprekker ta dat dit ferhaal oannimliker wurdt, as it mei sifermateriaal ünderboud is. Ek stiet yn it brief dat de gemeenten in ünevenredich part fan de besunigingen leverje moatte. Sprekker freget him öf wêr't dat op basearre is, en hoe leit de ferdieling fan de besunigingen? As men dêr echt aksje tsjin fiere wol, dan moat der wol wat sifermateriaal by as grünslach. Fierder is it middenpart fan it brief by him oerkaam as it yn it generaal oan- skoppen tsjin it regeargingsbelied. Dat der besunige wurde moat is wol düdlik en der kin net oan üntkaam wurde dat dêr minsken by yn de knipe komme, mar om der dan samar oer't generaal wat fan te sizzen is sprekker net sa foar. Dêrom liket it him net goed op grün fan dit ferhaal as gemeente in brief te skriuwen. De hear Knossen fynt ek dat der in protte kanten oan dizze saak sitte. It liket

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 9