- 8 - 1Voorstel tot wijziging van de bedieningstijden van de brug te Wartena. Ook met betrekking tot dit punt, zegt de voorzitter, zijn er voor de vergadering een viertal schrifturen op de plaatsen van de leden neergelegd, van de A.N.W.B., de watersportvereniging De Meeuwen, de vereniging Leeuwarder Watersport en van Dorpsbelangen/V.V.V. Wartena. Hij stelt voor deze brieven bij dit punt te betrekken. De hear Schermer seit dat der regelmjittich yn de ried praat wurdt oer de iepenings- tiden fan de brêge yn Warten. Dat is fansels yn it belang fan de wettersporter. Sprekker en de oare leden fan syn fraksje fünen dit wol in goed ütstel mar hawwe dochs noch hjir en dêr wat opmerkings. Hja binne, lyk as de briefskriuwers, stroffele oer de slutingstiid fan 18.00 oere yn de .moannen maaie en septimber. foar de sneinen. Dizze beide moannen wurde sa stadichoan ek al rekkene ta de fakansjeperioade. Dêrom stelle hja üt om foar de sneinen de simmerperioade oan te halden lyk as op de wurkdagen fan 1 maaie oant 1 oktober fan 09.00 - 20.00 oere mei twa skofttiden fan 12.00 - 14.00 oere en 17.00 - 18.00 oere. Fierders like it harren better om ek foar de sneinen yn de perioaden fan 1 oktober oant 15 novimber en 15 maart oant 1 maaie beheinde iepeningstiden te hawwen: 10.00 - 11.00 oere en 16.00 - 17.00 oere. Sprekker freget oft de ried dizze ütstellen oannimme wol. De heer De Wolf voelt zich door deze voorstellen zeer aangesproken, hoewel die wel enigszins kostenverhogend werken. Ook wil hij nog een ander element naar voren halen. Hij brengt in herinnering de discussies over de Aide Feanen in het kader van de herindeling. Bij die discussies is deze brug ook altijd betrokken geweest. Een argument om te pleiten voor het onderbrengen van de Aide Feanen bij Boornsterhem was dat onderhavige brug door de gemeente bediend en onderhouden zou moeten worden als onderdeel van een belangrijke toegangsroute naar de Aide Feanen. Het zou dan onredelijk zijn dat de gemeente wel de lasten van de brug en niet de lusten van de Aide Feanen zou kunnen genieten. In hoeverre dit argument heeft mee gewogen om de Aide Feanen dan maar bij Boornsterhem onder te brengen is spreker ook niet bekend, maar het lijkt hem wel dat er naar de watersporters toe toch iets gedaan moet worden aan de openingstijden van de brug. De hear Knossen is net sa bliid mei de wize wêrop dit ütstel behannele wurdt. Der binne njonken it ütstel dochs op it léste stuit wer in pear brieven dy der ek by belutsen wurde moatte, wylst de riedsleden dy krekt foar de gearkomste krije. Dan is der gjin tiid mear om dy goed te besjen. Hy seit dat der alris earder oer praat is dat by sa'n soarte ütstel der earst kontakt wêze soe mei mooglike belanghawwenden en it docht bliken dat dat net bard is. Ek freget hy him óf wêr't de sifers binne dy't de grünslach foar sa'n ütstel wêze moatte. Wat it ütstel fan de hear Schermer oanbelanget is sprekker it wol iens mei de wiziging foar de sneinen fan de simmerperioade mar net mei de wiziging foar de winterperioade Wethalder Van Gorkum giet earst efkes yn op de krityk dy't de hear Knossen hat op de wize wêrop dit ütstel behannele wurdt. Hy jout ta dat it yndied wat hastich gien is, en dat der foarüt gjin kontakt west hat mei de wettersport- ferienings. De reden dêrfoar wie dat meikoarten de iepeningstiden opjün wurde moatte foar de nije almenak en dan is it better dat dêr ek de goede tiden yn komme te stean. Fierder is der yn iepenbiere gearkomsten fan de 'Marrekrite' ek genöch mooglikheid west om oer de iepeningstiden te praten. Fansels spylje hjir net allinnich de belangen fan de wettersportferieningsmar ek fan gemeenten en provinsje. Yn it stribjen nei lykfoarmigens is dit der üt kaam. Alhiel lyk- foarmich sil it neffens sprekker wol nea wurde om't der no ek alwer gemeenten west hawwe dy't dit ütstel feroare hawwe. Dochs is men al in aardich ein de goede kant üt. Fierder is der by it opstellen fan dit ütstel net sjoen nei de finansiële kant. Fan de kant fan dizze gemeente is ek fuort in opmerking makke oer de slutingstiid

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 12