- 6 - Fierder wurdt der op dit stuit ündersocht troch T.N.O. oft de kwaliteit fan de platen wol goed wie. As üt dat ündersyk bliken docht dat dat wol sa wie, dan moat der fierder socht wurde nei de oarsaak, mar der is no noch neat oer te sizzen. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 13. Verkeersgeleider kruising Oostergoostraat-Stationsweg. De hear Van der Goot seit dat it him neat fernuveret dat der "verkeersonveilige situaties" op dy krusing foarkomme. Fanwege de buorden yn de tün by de Mavo moatte de auto-bestjoerders altyd te fier trochride om goed oersjoch te hawwen. It like him goed dat dy buorden wat ferset wurde. Fierder liket it him net needsaaklik dat der fuort mei ferhegings wurke wurdt. As de midden fan de dyk earst ris mei wite stiennen oanjün wurdt, sil dat al in hiel stik better wurde. De hear De Wolf wol dizze opmerkings jerne stypje. It liket him ek ta dat it foar it ferkear earder in fisuele saak is as oft der perfoarst sa'n ferheging yn de dyk moat. Wethalder Van Gorkum seit ta dat der yn oerlis mei de eigners fan de buorden sjoen wurde sil nei in better plak. It is it doel om dy ferheging mar lyts te halden en it oare part fan de drip fisueel oan te jaan. Hy wol dochs jerne dat dy ferheging der yn bliuwt om't de stoepe foar it polys jeburo lans ek trochlutsen wurdt nei de krusing en sa'n ferheging yn de dyk kin foar oerstekkende fuotgongers as flechtheuvel fungearje. Wurdt it allinnich mar fisueel oanjün dan sille der dochs noch gefaarlike situaasjes üntstean kinne. De hear De Wolf tinkt dat de ferheging net grut genoch wurde sil om as flechtheuvel fungearje te kinnen en it liket him foar de ferkearsfeiligens better dat der gjin ferhegingen yn de dyk komme. Zonder hoofdelijke stemming wordt vervolgens conform het voorstel besloten. 14Verlenen algemene machtiging in voeren rechtsgedingen. De hear Van der Goot freget him of oft sa'n algemiene machtiging noch wol sin hat foar de oardel moanne dat Idaarderadiel noch bestiet. As Raarderhim en Utingeradiel ek net sokke machtigingen hawwe, kin it dochs better yn de nije gemeente regele wurde. Mevrouw Van Schaik is ook niet voor zo'n algemene machtiging. Het lijkt haar dat de raad hiermee alle bevoegdheden uit handen geeft zodat bij nieuwe ontwikkelingen in een bepaald rechtsgeding, daar niet meer op gereageerd kan worden. Mocht het college al gebruik gaan maken van deze algemene machtiging dan lijkt het haar goed dat over te voeren rechtsgedingen ook melding wordt gemaakt in de betreffende afdelingsvergaderingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 14