GEMEENTE IDAARDERADEEL Oantekeningen fan de iepen- biere gearkomste fan de rie fan de gemeente Idaarderadiel op moandei 28 novimber 1983, middeis om fiif oere. Oanwêzich: Mefrou D.J. Aukes-Huizinga en de hear D. van Gorkum, beide wethalders, de dames A. Faber-Mintjes en A. van Schaik en de hearen G. Bouma, G. van Essen, P. Knossen, R. Koopmans, K. Schermer, Th. Terpstra, P. de Visser en F. de Wolf. Ofwêzich: de hear J. van der Goot. Foarsitter: de hear D. van Gorkum, loko-boargemasterDe boargemaster seis is om utens. Siktaris: De hear P.H. Starreveld. Iepening: De foarsitter iepent de gearkomste mei in wurd fan wolkom en docht te witten dat fan'e moarn fan de Deputearre Steaten in brief üntfongen is, wêryn stiet dat de talitting fan riedsleden foar de ried fan Boornsterhem foar 15 desimber pleats fine moat. Dêrfandinne wurdt it punt "Undersyk betrouwensbrieven" oan'e wurklist tafoege Sprekker stelt üt in kommisje te beneamen üt de trije grutste partijen, dy't de betrouwensbrieven undersiket. Beneamd wurde mefrou A. Faber- Mintjes en de hearen Terpstra en Knossen. De foarsitter ünderbrekt de gearkomste. Nei it op1 en nij iepenje dielt mefrou Faber mei, dat de kommisje alle betrouwensbrieven yn oarder befün hat sadat der gjin beswier is om de 17 beneamde leden ta te litten as riedslid fan de gemeente Boornsterhem. Sa wurdt besluten. Dernei giet de foarsitter oer ta it behanneljen fan de wurklist. 1Utstel ta it fêststellen fan underskate belestingoarderingen yngeande 31 desimber 1983. Algemien. De hear Knossen mient, dat de rie him allinnich mar beheine kin ta in algemiene rünte om alles op'e tiid goedkard te krijen. No't de begrutting noch net bekend is kin men jin offreegje of dit it goede systeem is wat hjir op tafel leit. Yn dit stadium sil in hifke trochsneed wol net oars kinne. De nije rie sil dan beoardielje moatte oft de tariven wol goed binne. Yn itbestjoerlik platfoarm is sein dat de bedragen yn de nije gemeente net heger kinne mar mooglik wol wat leger. It sil dan om'e fraach gean hoe grut it dekkingspersintaazje wêze moat en hoe fier men gean moat mei it trochberekenjen fan "overheadskosten" Sprekker wol him der jün net oan weagje en yn grutte linen mei it utstel akkoart gean. It slimste punt sil wol de ünreplikguodbelesting wurde, dy't de hiele saak wol slutend meitsje moat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 32