5. Utstel ta it jaan fan inkelde strjitnammen yn Grou. GEMEENTE IDAARDERADEEL Nr. 2164. 0an de gemeenteried. Grou, 9 desimber 1983. Yn'e rin fan de harksitting op 25 oktober 11., oangeapde de rekon- struksje fan it Halbertsmaplein, waard de suggestje om it part fan de "Raadhuisstraat", dêr't foarhinne de Waachshaven wie, de namme fan Waachshaven te jaan. Dizze haven rün fanüt de Grou yn südlike rjochting mei in ombüging nei it easten. De skippers en boeren, dy't de büter yn it waachgebou weagje lieten, koene sa wat oan de waach tafarre, sa't op de tekening, dy't by de stikken foar jim op besjen leit, oanjün is. Yn it lest fan de tachtiger jierren waard der yn de ried al praat oer it dam jen fan de st jonkhaven, sa't de bewenners doe seine. Yn 1890 is de haven yndied damme. De boeren fierden doe fanof boere- walshaven mei kroaden de büter oan. De oanwêzige bewenners fan dit part fan de strjitte gongen daliks mei de suggestje akkoart. Uskolleezje hat der ek gjin inkeld beswier tsjin no't it om in histoaryske namme giet. Fierders is men der op'e harksitting mei akkoard gien, dat by de rekonstruksje beide pleinen fisueel skieden wurde. Dat haldt yn, dat ek oan it twadde plein in namme jün wurde moat. Wy soene hjir foar de namme "Riedhüsplein" kieze wolle, omdat foarhinne it gemeente- hüs hjiroan stie. In ekstra argumint om it plein te ferneamen is, dat de hüsnümmering fan de wenten oan de "Raadhuisstraat" dochs feroare wurde moat. Ommers der sille yn it plan De Baai twa wenten boud wurde, dy't de ütgong oan it plein krije, wylst yn it aide gemeentehüs 8 HAT-ienheden makke wurde. Dit bringt in fernümering fan alle wenten oan de "Raadhuisstraat" mei. De oarspronklike strjitte mei de namme "Raadhuisstraat" fait yn trije parten ütien. Twa hjirfan wurde frysktalich. Itliket üs in goede gedachte it part dat de oarspronklike namme haldt tenei ek frysktalich te meitsjen. Gearfetsjend stelle wy jim dan ek üt: 1. It part fan de strjitte, dat leit tusken de ^"Hoofdstraat" en de Boogstrjitte de namme ta jaan fan "Riedhüsstrjitte" (op'e tekening read ynkleurd) 2. It plein, rinnende fanof de Boogstrjitte oant de grins mei it Halbertsmaplein (op'e tekening giel ynkleurd) de namme te jaan fan "Riedhüsplein". 3. De strjitte, dy't rint fanof it Riedhüsplein oant de "Nieuwe Kade" de namme ta jaan fan "Waachshaven" (op'e tekening grien ynkleurd) It dêrta fêst te stellen beslüt leit yn Ontwerp by de stikken foar jim om yn te sjen. Boargemaster en wethalders fan Idaarderadiel de siktaris, de boargemaster, (P.H. Starreveld) (B.G. Holtrop)

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen Idaarderadeel 1935-1983 | 1983 | | pagina 47