Öfskienimme
9
Yn de peaskefakansje fan 1955 kaam üs
pake te ferstjerren en waarden myn suske
en ik yn Ljouwert parkeard by in 'omke
en muoike', freonen fan üs alden. Omdat
it by har sa gesellich wie, is dy ütfanhu-
zerij gauris werhelle yn letter jieren en
üt dy tiid stamme myn bewustere oantin-
kens oan de winkels fan Ljouwert. Omke
hie in akkuhannel oan 'e Weaze - 'oan 'e
goeie kant', plichte üs muoike te sizzen
as hja har adres opjaan moast - en hast
alle dagen swalken wy dêrwei wol even
de stêd yn. Om boadskippen of om allinne
mar troch de winkels te gnu ven. Bysün-
der fünen wy it, dat der yn Ljouwert
safolle saken wiene, dêrst' oan 'e foarkant
yn- en efter wer ütrinne koest en oarsom,
sadatst in hiele slingertocht oer Nijstêd
en Saailan makkeste.
Wat wiene der doe noch in protte lytse
middenstanners tichteby en yn it sintrum.
Molke, brij en tsiis hellen wy by Andrin-
ga op 'e hoeke fan de Uniabuert, griente
yn 'e Oosterstijitte, krudenierswaren by
Bloemsma, ansichten, poezyplaatsjes en
skriften by De Vries, beide ek yn 'e Oos-
terstrjitte, lykas Theo de Jong, de leveran-
sier fan Portugeesjes en pensees. Foardat
wy dêr bedarren, moasten wy earst wol
'Wanda' mei de begearlike hierspjelds-
jes, sjippe en rükersguod foarby sjen te
kommen. Oare kant it wetter, op 'e hoeke
fan de Weaze en de Peperstrjitte, wie in
'Verkade-winkel', dêr't repen en koekjes
weikamen. Wêr't de gewoane böle helle
waard, wit ik eins net mear, mar foar it
fleis gie muoike alhiel nei de Sint Japiks-
strjitte, nei 'Bakker uw slager'.
Der hat in simmer west, dat it buordsje
'Voetpad' oan 'e wetterkant fan it Naauw
troch in humoristyske Ljouwerter mei it
setten fan ien lyts streekje feroare wie yn
'Voetbad'. Ik koe doe al goed léze, mar haw
dêr lykwols lang nei sjoen. Wetter genöch,
mar sokke yntrigeaijende buordsjes hiene
wy net yn Doardt.
Leovdic^ la. It
Uterst rjochts omke's akkuhannel oan 'e goeie kant fan 'e Weaze yn 1955 (Foto: Han de Vries)
Tineke Steenmeijer-Wielinga
Öfskienimme fan it wurk betsjut ütsjen
nei in fakansje dêr't gjin ein oan komme
sil, mar öfskienimme stimt ek weemoe-
dich. Ik ha my tritich jier lang tige ferbün
field mei it Frysk Letterkundich Museum
en Dokumintaasjesintrum - it wurk en
de minsken. It museum wie myn twadde
thüs en myn ütfalsbasis tagelyk.
Dat gefoel fan mankelikens hat net iens
safolle te krijen mei it ferdwinen fan it
FLMD as selsstannich ynstitüt. It wurk
en de minsken bliuwe en de füzje mei de
Provinsjale en Buma-biblioteek en it Ryks-
argyf yn Fryslan ta ien Frysk Histoarysk
en Letterkundich Sintrum mei de namme
Tresoar achtsje ik in goed ding. It is mear
ten wurde moat, dat ta sok weemoedich
weromtinken stimt.
Hoewol't wy aanst - wenjend yn Frankryk
- in 'pied a terre' yn 'e Fryske haadstêd
hawwe, hat de Nijstêd delrinne en eta-
laazjes besjen - wat ik altyd graach dwaan
mocht yn it middeisskoft - dan net langer
de tsjoen fan even üt it wurk wei en yn in
oare wrald omstappe.
Fan jongsöf hat Ljouwert foar my in
stêd west om te winkeljen. Myn aldste
oantinkens omfïemje net mear as it stas-
jonsplein. Ljouwert wie it plak dêr't wy, üt
Doardt wei ünderweis nei pake en beppe
yn Rie, oerstappe moasten fan de trein op
'e bus. De earste auto krigen wy thüs yn
1956, ik bin fan 1946, dat it byld fan dat
diske mei dy fassinearjende namme 'De
gezonde apotheek' stamt üt de tiid, dat ik