As tünkersbern op Snakkerbuorren Leovo-^ la»; 18 Jan Calsbeek Yn 1999 ferhuze myn skoansuster Durkje Calsbeek-van der Meer nei Ljouwert. Hjirmei waard de léste ban fan trije generaasjes Calsbeek mei it tünkjen op Snak kerbuorren ferbrutsen. Hoe't it begün Myn pake, Jelle Calsbeek, is mei syn trouwen mei beppe Tryntsje Extra, yn 1884 ütein set mei tünkerij. Earst tsjin- oer Snakkerbuorren oan de Ie en wennen se yn in hüs Oan'e Dyk, letter hierde hy in hüs mei in stikje tün, Ulkepole, neist de oaljeslaggerij fan Hommema oan de noardkant fan Snakkerbuorren. Dér kocht hij 5m de rin fan de jierren in pear stikken by, sadat hy 5m 1907 in tün fan goed san pünsmiet hie. Myn heit, Berend Calsbeek wie doe al by him yn it wurk en waard nei syn trouwen mei Jitske Wiersma, yn 1912 dielnimmer yn it bedriuw. Benammen nei de earste wraldkriich wie it yn de opgeande tiid. Yn 1925 waard de earste kas, warenhüs sei men doe, boud foar 972,72. Ik waard berne yn de simmer fan 1926 en yn it iere werom tinken oan de tünderij, dükt dy kas as earste byld op. Ik stroffele as beuker fan twa oer de hege drompels en socht moaie lytse gleonreade tomaatsjes, dy't ik ünder ófgriis fan myn broers sa opiet. Yn de maitiid fan 1925 wie Pake Jelle stoarn, in florearjend bedriuw neilittend, mar dan wurde de tiden foar gerniers en tünkers al gau minder. De grutte krisis dy't yn 1928 ütbrekt hat ek syn gefolgen yn lan- en tünbou. It wie earst al as woe de natuer in warsköging jaan mei de strange winter fan 1928-1929. Yn juny 1929 wie de rüchskerne noch net te ferwurkjen, omdat it binnenste noch frijwol hielendal beferzen wie. Mar dy strange froast wie neat by de minne tiid dy't no komme soe. Tünkje yn krisistiid It jild waard krapper, de prizen foar de grienten en it fruit sakken. It wie foar myn alden dübeld üngaadlik, Mem wie nei myn berte in skoft syklik, De dokters fünen dat de aldste soan Jelle foar syn sünens bet ter fan skoalle koe en yn de bütenloft op de tün wurkje moast. Wylst stie Honke, de twadde jonge te drammen om fan sko alle óf te meien, omdat hy op de tün oan it wurk woe. Om oan Honke syn twingen óf te wêzen stelde Heit doe, dat hy earst op de tün mocht as hy 16 jier wie, mar as hy wurk fine koe, mocht hy wol fan de ULO óf. De stikel wie, dat der doe frijwol gjin wurk te fïnen wie, mar Honke slagge der samar yn en fyn in baantsje as loopjonge op in kantoar fan Fokke Oosterbaan, oan de Iewal en gie blier fan skoalle. In heal- jier letter kaam hy thüs mei de meidieling, dat hy de baan opsein hie, want hy waard de oare wike 16 en kaam dus op'e tün. No moast de tün it lean opbringe foar fïif wur- kers, trije Calsbeeken en twa arbeiders. Jelle gie yn 1930 foar in jier as 'veld- student' nei Naaldwijk om al wurkjende de teelt yn kassen fan druven, tomaten en komkommers oan te learen. Nei it jier yn Naaldwyk kaam hy werom, mar moast doe yn tsjinst. Hoe krap it soms wie besefte ik net sa bot, mar ik wit noch wol, dat ik in kear yn myn sparpot seach en dér in briefke yn fün: 'Geleend voor zaad 7.50'. Folie siet der doe net mear yn, mar dat is letter wol wer ynoarder kommen. Mar it wie sa, dat de siehandeler oan de doar kaam mei syn bestelling en dan moast der fuort jild op tafel komme, midden yn de winter, as It aide hüs en dêr neist it earste warenhüs, 1925 (Foto's: Familie Calsbeek)

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2003 | | pagina 21