La» it 20 'Boatsjefarre' mei fan lofts nei rjochts Janneke Calsbeek, Jan Calsbeek en Nel Dekinga, 1931 gruttere tallen klearmakke kisten griente nei de hutte fearn waarden om dan mei de grutte skou nei de feiling brocht te wur- den. Ek waard mei de grutte skou byge- lyks hynstedong helle by de maresjausee- kazerne oan de Arendstün yn de stêd en dat waard dan oerladen yn it skouke, foar de doarren fan de warenhuzen fearn en dan mei kroaden dêr ferspraat. Omslach- tich, mar wol minder leabrekkend as hiele einen kroadzjen ef sjouwen. Yn 1938 waarden der tomaten op kont- rakt ferboud foar Ingelan. In kommisjenêr üt Harns, Hannema soarge foar de kon trakten en it ferfïer Harns - Huil. Alles moast yn ovale hingselkuorkes ferpakt wêze en der waard frij strang sjoen nei in unifoarme mjitte, dêrfoar hiene wy by it ütskiften in plankje mei gatten der by. Stoofparren foar fytsbannen It begun al te driigjen 5m july 1939, ik soe mei grutte broer Jelle op'e fyts mei fakansje. It paste him noch net sa bot mar ik seurde: 'aanst roppe se dy op as soldaat'. No we binne op de tandem nei Naaldwyk west, mar in pear wike nei üs thüskomst, wie it raak. Jelle moast yn tsjinst en twa wike letter ek Pyt Tromp, dêr't sus Janneke in wike as wat fer- kearing mei hie. Jelle kaam yn Drinte en Pyt oan de Grebbeberg. Doe kaam 10 maaie 1940, Jelle syn öfdieling rekke oer de Ofslütdyk nei Den Helder en siet frij rêstich, mar Pyt siet midden yn'e slach as hospitaalsoldaat. Lokkich kamen beide ridlik gau wer thus, mar Pyt wie knap oerstjoer fan wat hy meimakke hie, dat der waard ornearre, dat it goed wie as hy wat wurk hie, leafst yn in frije omjou- wing. Benammen üs mem sette troch, dat hy op de tün oan'e slach kaam. Doe moast de stedman omleard wurde. Hy moast leare woartelkrüd fan tüch te ünderskie- den, hy moast grave en skoffelje en al sa mear. It wie moarns betiid al oan'e bak, om seis oere. Mei kofjetiid wie hy wolris sa min, dat hy mei it kopke tusken de fin gers yn sliep sukkele, dat plukte mem der dan tusken üt. Honke en Durkje wiene 2 novimber 1940 troud en wennen yn it hüs Oan'e Dyk 57, op de tün. It gewoane libben gie syn gong en der waard omsjoen nei middels om it bestean wat üt te bouwen. De kans kaam doe't yn in advertinsje yn Harns kassen te keap oanbean waarden, dy't wike moasten foar de oanlis fan it Van Harinxmakanaal en Tjerk Hiddesslüzen. Heit skreau der op yn en it waard him gund. Doe koe Jelle syn yn it Westlan oanlearde keunsten fertoanen gean. Nei twa jier waaksten de druvestrüken al moai en begünen te dra gen. Doe moasten de trossen lytse drüfkes krinte wurde. Jelle waard ynstrukteur, Heit en Honke hiene net safolle op mei dat gepiel, dat al gau bestie de krinters- ploech üt Jelle en Pyt, skoansuster Durk je en muoike Afke en Hedzers Greetje, de frou fan Jelle syn maat Hedzer Rozema. Muoike Afke moast gauris meiriden wur de, want dy fun it sünde dat al dy drüfkes der üt knipt waarden en liet te folie sitte, sadat de trossen letter te stiif waarden. Al gau waarden de waarme kassen yn de iere maaitiid ek brükt foar ündertelt fan betide grienten, dy't aardich oan de priis wiene en sa wie it rendemint knap. Fansels is der yn de oarloch fan alles bard, skea troch loftöfwar, razzia's, tewurkstelling yn Drinte en Gelderlan fan Jelle, Honke en Pyt, ünderdüke, hon- gerflechtelingen. Mar al mei al binne we der goed troch skarrele. Yn 1943 koe der in stik tün byhierd wurde, dat neist Jelle Talsma sines oan de Dokkumer Ie lei, it twadde Elba. It waard hierd fan de doch ter fan de eardere tünker Pieter van der Ende. In jier as wat nei de oarloch is it stik by de Talsma tün kommen. Wat wol oars wie yn de tiid, wie de ruilhandel. Benammen stoofparren en druven wiene gewilde saken om oan weet en rogge te kommen of oan süker en fytsbannen. Fierders waard it no ek wenst ijochtstreeks oan partikulieren te ferkeapjen. Üs heit hie der net folie mei op, mar sa wie hy wol wis, dat de spul len ijochtstreeks by eigen folk kaam en net op de feiling opkocht waard foar de Wehrmacht. We hiene foar dizze ferkeap fêste tiden op de neimiddei, as ik üt sko- alle wie en üs mem bystean koe. It wie sa slim mei de tarin, dat we sawol op it paad nei üs hüs, as by it hüs fan Honke en Durkje in stevich stek mei skerpe punten hiene mei in slot der op, oars rünen der de hiele dei minsken de tün op. Ik mocht twa kear wyks mei de fyts nei skoalle, dan wie de saak öfladen mei sekken en tassen griente. Foar freonen fan Jelle, in bak ker en in slachter, foar Heit syn suster,

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2003 | | pagina 23