9 Fryslan hat. Boppedat binne, oars as de thüshaven fan de boaten tinken docht, ynwenners fan Curasao, Eastenryk, de Feriene Steaten fan Amearika en Swit- serlan oan de wetterkant fan de Prin- setün te finen. Mei-elkoar komt in tredde part fan de wettersporters üt it bütenlan en wol benammen üt Dütsklan. Dat gjin Skandinaviër yn it ündersykje werom te finen is, sil komme om't dy faak al ier yn it seizoen yn de Prinsetün te finen binne. Wierskynlik wie it ündersykje foar de Denen en Sweden krekt te let. Men kin jin ek öffreegje of it noch altiten sa is, lykas earder wolris konstateard is, dat wettersporters fan büten Fryslan foa- ral üt net-steedlike gebieten weikomme. Dat liket net langer op te gean, want fan de Dütske wettersporters wennet de helte yn in stêd fan mear as 100.000 ynwenners, wylst 70% wennet yn in plak mei mear as 30.000 ynwenners. As sjoen wurdt nei it wenplak fan de wetterspor ters üt Nederlan, Fryslan net ynbegrepen, wennet twatredde part yn steedlike wen- gebieten mei mear as 100.000 ynwenners. Dat makket de konklüzje op syn plak dat in grut part fan de wetterrekreanten yn de Fryske haadstêd ek thüs stedsbewen- ners binne. Troch op 'e nij pleatste ynformaasjeboer- den wurde wettersporters en kuierders twatalich ynformearre oer it ferline fan 'e Stedstün en jout in plattegrün de fer- skate foarsjennings yn 'e neiste omkriten oan, 2005 Aldere minsken Hoe aid binne de Ljouwert passearen- de wettersporters en wat hawwe hja sa troch'en dei by de ein of wat hawwe hja earder yn it libben dien? As ien ding hel der is dan is it wol dat de wettersporter yn de Prinsetün yn trochsnee aardich alder is as de trochsnee Nederlanner en ek wet tersporter 3m it algemien. It giet foaral om al wat aldere minsken, dêr't in part fan it beropslibben al achter him lizzen hat. It is bekend dat de trochsnee-aldens fan de wettersporters mei in motorkruser boppe dy fan de wettersporters mei in syljacht leit en dat litte de minsken 3m de Prinse tün dan ek sjen. Fierwei it grutste part, dat wol sizze sa'n 67%, hat fyftich west en mar trettjin prosint is noch gjin fjirrtich jier. Goed 19% fan de wettersporters is tusken de fjirtich en fyftich jier. Dat de aldens fan de wettersporters 3m de Prinse tün sa heech leit stiet fansels net los fan it karakter fan de wettersport yn de Noarder Stêdsgrêft. It giet foaral om motorboaten en gruttere syl/motorskippen, dy't ornaris oan de al wat aldere rekrean- ten foarbehalden binne, wylst de jongelju ünder de wettersporters, dy 3m lytse syl- skipkes, mei kano's en op surfplanken, üntbrekke. De hokkerdeis klearkommen toilet-, brüs- en waskfoarsjenning is boud op 'e fonde- minten fan 'e eardere Oranzjery dy't oant yn 'e 19de ieu op itselde plak stie en dêr't de fondeminten yn 2003 nei argeologysk ündersyk foar't Ijocht kamen, 2005 Dat it om al wat aldere minsken giet komt ek nei foaren 3m de 82% fan de wetter sporters dat troud is. Tagelyk lit dat hege persintaazje sjen dat wettersport hiel faak yn it ferban fan de hüshalding beoefene wurdt. Hiel opmerklik is dat relatyf in heech tal fan de wettersporters syn deistich brea ek yn de maritime sektor fertsjinnet of fer- tsjinne hat. Gauris komt men in skipper of kaptein fan de lytse of grutte hannelsfeart tsjin, wylst ek jachtbouwers, wetterply- sjes of skipsdieselmonteurs har frije tiid graach op it wetter trochbringe. Sa'n 15% fan de wettersporters hat ek yn it deistich libben mei it wetter te krijen. Dêrnjonken is de ünderwiissektor goed fertsjinwur- dige. Fan de frege wettersporters hat 11% beropsmjittich mei dy sektor te krijen en dat wylst sa'n seis prosint fan de wurkjen- de Nederlanners dat hat. It tal akademisi leit mei sa'n tsien prosint ünder de wet tersporters yn de Prinsetün ek heger as de san prosint fan de Nederlanske befolking dat wittenskiplik ünderwiis as heechst behelle ünderwiisnivo hat. Yn safier hinne komt it byld fan de wettersporters dy't de Prinsetün opsykje aardich oerien mei dat fan de wettersport 3m it algemien. Symboalyske namme Ta beslüt noch in inkelde opmerking oer de nammen fan de boatsjes. Fan de boats- jes yn it ündersyk hat fierwei it grutste part, 43%, in symboalyske namme. Dêrby moat tocht wurde oan nammen lykas Vrij heid, Escape of Op Trochtocht. Persoans-, plak-, natuer- en fantasynammen komme allegearre folle minder faak foar. Fan alle nammen is 18% Ingelsktalich, fan de sym- boalyske nammen is mar leafst in tredde part 3m dy taal. Ek Dütske wettersporters kieze graach foar in Ingelsktalige namme. Dy taal blykt, sa sizze de wettersporters, hiel goed it fakansjegefoel wer te jaan of, mei oare wurden, it Ingelsk liket öfstan ta de hurde deistige werklikheid skeppe te kinnen. It tal Frysktalige nammen is dêr foaroer mar lyts: 5% fan de boaten hat in Frysktalige nammen. Mar dat wol net siz ze dat Frysktalige nammen net wurdearre wurde, want op de fraach oft in skip üt Fryslan net in Frysktalige namme haw we moatte soe, antwurdet goed in tredde diel fan de wettersporters dat soks yndied moatte soe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Leovardia, 2000-2018 | 2005 | | pagina 11