Tmas-diskrimiiiaesje Feiten en leitjes uit de vorige eeuw 0 Ljouwerter bin ik net, aïlikemin hielendal frjemdling; ik hear ta de fêste gasten, dtj't op groun fan in aide relaesje wiis mei dizze stêd binne. Sa woe ik jerne in goed wurd foar har sprekke, al moat ik tajaen dat hja gjin Parijs en seis gjin Amsterdam is. Mar hja hat har eigen skientme en har eigen freonlikens, dy't oars binne mar derom net ünderdogge foar hokker stêd. Fansels, ik wol op de terrassen ut, dêr't S. yn it funynümer fan „De Leeuwarder Gemeenschap" sa'n bittere klacht oer losliet. Dit is tinkt my mis fan S'., dat hy, yn Ljouwert forkearende, aloan tinkt oan Amsterdam en Parys. Hy moat oan Ljouwert tinke. Lèstendeis siet ik yn 'e trein mei in dame ut Ljouwert, dy't nei Amsterdam reizge om hwat to keapjen omdat der, neffens har, yn Ljouwert gjin winkels wiene. Foar har wie in winkel earsten echt, as er yn Amster dam stie. Sa liket foar S. in terras dan earsten echt to wêzen, as it yn Amsterdam of yn Parys leit. Hwant it is fansels in wierheit as in kou, dat Ljouwert wol terrassen hat, dat wit elk dy't dizze stêd ken. Sa foar de fust wei neam ik op: de Stasjonsrestauraesje (stêdskant), De Kroan, Amicitia, Klanderij, Nije Doelen, Griene Weide, De Bleek en Lytse Büntekou. Mooglik binne der noch wol mear. Fansels wit S. der ek wol fan, mar hja binne him net nei it sin. Hwerom net? Omdat hy net de kans rinne wol dat der in sakeman njonken him delstrykt dy't hwat djurders bistelt. Mar dy kans birint men dochs rounom, en hwat is der op tsjin? It is in apart aspect, en immen dy't Parys sa goed ken, soe stadichoan syn provinsiale ienkennigens en syn tsjinsin yn frjemden ris oerwoun hawwe moatte. Hy hoecht dochs net foar harren to biteljen. Hokker terras fynt dan wol genede yn 'e 'Jagen fan S.? Hy neamt ien yn Amster dam, dêr't men oan it wetter sitte kin, küsend yn 'e sinne. As ald-Amsterdammer kin it my hast net misse of hy hat it each op „Lido". Nou, dy't him dér rêstich del- jowt, hoecht ek net forlegen to wêzen as der yn Ljouwert in oannimmer of in féfokker njonken him delstrykt; hy is ien en oar wend. Boppedat is syn suggesje. dat men dêr foardieliger tit wêze soe as yn Ljouwert, yn striid mei de feiten. De Ljouwerter hotelhalders en kelners litte jin wol rêstich sitte as men seis rêstich is. Ik bin dêr alteast, nettsjinsteande myn biskieden fortarrings, noch nea fan in terras óf ja ge of fuort sjoen. Derom moat ik opkomme tsjin dizze oan- tiging tsjin us gastfrije haedstêd, in oan- tiging dy't under de slimme delikten fan (ter) rasdiskriminaesje fait. Ik soe der ünkundich oan bleaun wêze, as hja my net yn hannen fallen wie op in moaije simmer- dei, doe't ik fredich siet to dreamen op it terras fan 'e Kroan, FEDDE SCHURER. It terras fan it Ljouwerter stasjon. 22 Dec. 1813. H. W. Schut, goudsmid hij de Kettingbrug te Leeuwarden, verkoopt kleine gouden medailles met beeltenis van Z.M. Koning Willem I, geschikt voor heren om op een lint en voor dames om in een medaillon te dragen. 31 December 1813. J. Kok, postmeester te Leeuwarden, publiceert in de Leeuwar der Courant, dat de paardenposterij tot het vervoer van brieven, courier en reizigers op de oude voet blijft en dat in het Post huis aldaar onder toezicht van G. Swart en R. J. Wagenaar tien goede postpaarden, vier postillons en genoegzame rijtuigen gereed staan. 1 Jan. 1814. De maire (burgemeester), adjunct-maires en leden van de municipale (gemeente-)raad van Leeuwarden worden ontslagen en burgemeesteren benoemd, die zich constitueren als de wettige regering der stad en uit hun midden kiezen tot president Bernhardus Buma en tot secretaris Joannes van der Horst. 6 Jan. 1814. De laatste troep kozakken verlaat Leeuwarden. 15 Jan. 1814. De kavallerie-kommandant J. G. van Sijtzama roept de Friezen op om een corps cavallerie te formeren ten einde de nog aanwezige Fransen te verjagen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Leeuwarder Gemeenschap | 1953 | | pagina 6