Gjin minske dy't er syn holle nei draeije woe 10 STADSNIEUWS VAN VROEGER t ^./ei»ie o^raufc/c •Ccof iccld'iïct i IT FOETBALSPIL TO LJOUWERT IN DEZE TIJD, WAARIN WE GEEN KRANT KUNNEN OPSLAAN OF ER STAAN WEL LANGE VERHA LEN OVER VOETBAL IN, IS HET VERMAKELIJK EEN VERHAN DELING OVER DEZE NU ZO POPULAIRE TAK VAN SPORT TE LEZEN IN EEN BLAD UIT HET JAAR 1906. IN HET FRIES TALIGE SLJUCHT EN RJUCHT VAN 10 NOVEMBER VAN DAT JAAR SCHRIJFT DE BEKENDE ONDERWIJZER DOEKE H. ZIJL STRA OVER „FRYSKE FOET- BALSPYLDERS" EN „IT le ALF- TAL FEN DE L.V.V. TO LJOU WERT". WIJ WILLEN DIT VER HAAL GRAAG VOOR DE LE ZERS VAN 'T KLEINE KRANT- SJE OVERSCHRIJVEN. De tiden foroaije - en mei de tiden de minsken en troch dat de minsken foroarje, wirdt er nou en dan ek wer hwet oars bitocht, hwei hja hjar mei formeitsje kinne. De Frie zen ha hjar lang tofreden steld mei hirdrinnen, hirdriden, hirddraven en keatsen; hwent er moat kriich by to pas komme, oars is er neat oan. Yn de léste tiid wirdt er ek noch in oar spil spile - dat - ut Ingelan oerwaeid - earst yn Hollan - nou ek al op Fryske groun spile waerd. Dat is it „Foetbalspil". Of it de moeite wirdich is? Foar in jier of 10, do men er to Ljouwert mei bigoun, wie er gjin minske dy't er syn holle nei draeije woe - mar dat foroaret al linkenoan. 't Wirdt yn de wintermoannen spile, op in great, flak fjild. De spylders binne fordield yn twa parturen, elts fen 11. Yn 't midden op it spylfjild leit in greate learen bal, dy mei locht opfolle is, lyk as de bannen fen in fyts, en dy bal moat skopt wirde; troch in houten ramt, op elts ein fen it perk stiet sa'n ramt of poarte. Der wirdt trije ketier efterien spile - dan is er tsjien minuten skoft, en dan spilet men wer trije ketier. Yn alle dielen fen üs lan binne al fen dy forienigingen, dy meielkoar in boun foarmje. De spylders binne er yn trije klassen - de le klasse hat de béste spylders. Dy de measten ballen troch de poarte (goal) skopt, hat it woun. Onderskate forienigin gen stride sa'n winterhealjier tsjin inoar. Dy de measte oerwinningen bihelle hat, wirdt der for bileane mei in medailje, in kranse, in silve- ren beker, of in forheging fen klasse. To Ljouwert binne forskate Foet- balforienigingen. Ien is der onder, dy noch al gau ris fen hjar hearre lit, troch ünderskate oerwinningen. Dat is de Foetbalforieniging, dy fen de geboarte ou „Olympia" neamd is, mar nou, troch dat se by de Boun oansletten is, in oare namme ha moast, om 't er al in forieniging by wier, dy sa hiet. Do hat se namme krige fen „L. V.V." (Leeuw. Voetb. Vereen.). Dizze for ieniging is oprjuchte yn 1904, en spile do yn de Fryske boun - do waerd se no. 2 fen de le klasse. Yn 1905 waerd se kampioen fen dy Boun, sonder ien kear forslein to wirden. Dat die it le 11-tal. It oarde 11-tal spile ek tsjin fjouwer oare forienigingen en waerd der ek de baes. Sadwaende krigen se in silveren en in bronzen medalje - en it kampioenskip fen de Fryske Boun. Dizze winter hat se ek wer trije kear yn 't fjild west - tsjin „Be Quick II" fen Grins krige „L.V.V." 15 en B. O. 1 tsjin „Forward" fen Grins stie it 8 om 1 en tsjin „V.V.V." fen Feandam 12 om 0. Dit wier it wirk fen it earste 11-tal, hwerten wy hjir in oubielding jowe. It binne allegearre jonge bazen fen sa om en by de 20 jier; de measten binne der noch net oan ta. It binne: H. Volkmaars, H. v. Mes- sel, H. v.d. Werff, (2e foarsitter), F. Gits, L. Volkmaars, (foarsitter), N. Vonck, (2e skriuwer), K. Hol- werda, (le skriuwer), L. Dykstra, H. Kalt, H. Goverts en J. van Dam, (ponghalder). ÖUITSCHE KINDEREN Acht Februari komt het eerste tran sport Duitsche kinderen door be middeling van de V.P.C. (vroeger werkende voor Oostenrijk) in ons land. Aanvragen voor Duitsche kin deren en voor kinderen van Hol- landsche ouders uit alle deelen van Duitschland, zoowel voor die als voor speciaal aangevraagde kinde ren, kunnen tot 28 Januari gedaan worden bij mevrouw Schaafsma- Dijkstra, Tweebaksmarkt 38 te Leeuwarden, Secretaresse Van het comité. (1924) Toen deze foto's van de elftallen van Brinio en Leeuwarden weiden gemaakt, was de voetbalsport In Leeuwarden al ontwassen aan de kleuterschoenen. Onze lezers zullen stellig veel beken de gezichten op deze foto's herkennen.

Historisch Centrum Leeuwarden

’t Kleine Krantsje, 1964-1997 | 1972 | | pagina 10