- 11 - ALGEMENE DIENST. Hoofdstuk V, Ruimtelijke Ordening. Volgno. 154. Bart it opstellen fan in struk- tuerskets fan de gemeente Ljouwert yn oerliz mei de P.P.D.? Bart dat oerliz fan to foaren of efternei? Binne dizze plannen yn oerien- stimming mei it provinsiael bilied, foarsafier men tominsten fan bilied prate kin. Der wurdt praet oer de "winske plano- logyske üntwikkeling"ïïwat hdldt dat krekt yn? Stel dat der sa'n flecht op'e koai -wie om yn Ljouwert to wenjen (it is fansels mar in fortoderstelling) soe it Kolleezje dan sa'n üntjowing oanmoedigje? Mei oare wurden, hat it Kolleezje in idé yn'e holle hoe great in stêd eins wêze moat wol er optimael funktionearje? De suburbanisaesje is net allinne in Ljouwerter oangelegenheit mar folie mear in Europeesk forskynsel. Nettsjinsteande dat, hêldt it Kolleezje fêst oan'e opfetting, dat Ljouwert groeije sil nei fier boppe de 100.000 ynwenners. Hwerop birêste dizze foründerstellingen? Lykas de wet stelt, moat oer in ■ftntwerp-struktuerplan foar de Gemeente oerlein wurde mei forskillende ryks- en provinsjale tsjinsten, tho. mei de P.P.D. Dit haldt dus yn, dat dit oerliz pleats hat foardat it plan seis fêststeld wurdt. Wy kinne hjir noch oan tafoegje, dat oan de tarieding fan de struktuernota 1971 waernimmers fan de bidoelde ryks- en provinsjale tsjinsten meiwurke ha. Sikerwier komt dizze struktuernota yn haedsaken oerien mei it provinsjael bilied oangeande de romtlike oardening. Wy bidoele dêrmei in planologyske unt- wikkeling fan üs Gemeente, dy't mei bifoarderje sil, dat hja har plak yn it noarden fan us lAn bihAlde en forsterkje sil, dat hja as haedstêd fan dizze provinsje optimael funksjonearje kin en dat hja ek as wen- en wurkplak bikoarlik bliuwe sil. Yn dat opsicht is de greatte fan de stêd yn mindere mate bipalend dan it forsj enningspatroan. De winske planologyske üntwikkeling hat dus yn forskillende opsichten in taekstellend karakter. Dizze fordnderstelling, dy't blykt ut de "Structuurnota 1971 Leeuwarden", steunde op de doelstelling, dat Ljouwert syn natuerlike groei fan de bifolking fêsthdlde soe. As de suburbanisaesje trochset sa as it nou bart, dan sil Ljouwert it tal 100.000 net helje. Mar oft dat it gefal is stiet hielendal net fêst. Wordt er bij het uitwerken van de structuurnota rekening gehouden met de begraafplaats van de Van Eysinga's te Swichum? Bij de structuurnota alszodanig niet, omdat deze slechts de "hoofdlijnen aangeeft. Wel is bij het vastgestelde bestemmingsplan voor het buitengebied met deze begraafplaats rekening gehouden door deze op te nemen als archeologisch en landschappelijk waardevol gebied.

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 1973 | | pagina 219