Gemeente leeuwarden Ljouwert frij fan lisinsjes? Yn de hjoeddeistige maatskippij is it gebrük fan moderne technology yn it algemien, en ynformaasjetechnology yn it bysünder, net mear wei te tinken. In kantoar sünder kompjüters is net mear yn te tinken, en it grutste part fan de hüshaldens hat thüs al ynternet. Om effektyf gebrük te meitsjen fan de apparatuer (de hardware, oftewol de kompjüters, de printers ensfh) binne ek programma's, dus software nedich. Sa't algemien bekend is, is der op it mêd fan software foar kompjüters sprake fan in soarte fan monopoalje-posysje fan de firma Microsoft fan Bill Gates, mei programma's lykas Excel, Outlook, Power Point, Word en it bestjoeringsprogramma Windows. Ek dit inisjatyf-ütstel is yn it programma Word makke, om't oare tekstferwurkingsprogramma's net op it systeem fan de gemeente Ljouwert sitte. Wat software foar gemeenten oangiet, is der foar guon bedriuwsspesifike systemen suver ek sprake fan in monopoalje. It ICT-bedriuw Centric hat bygelyks in tal applikaasjes dêr't je as gemeente hast net omhinne kinne. Probleem is dan ek noch dat de ferwachte libbensdoer fan sokke applikaasjes mar in pear jier is. Net omdat it dan technysk öfskreaun is of net mear funksjonearret, mar domwei om't de leveransier de 'aide' ferzje net mear Ondersteunt, en faak mei in nije ferzje komt dêr't je as brüker dan wol op yngean moatte. Arguminten om te kommen ta dit inisjatyf binne: de kosten, de betrouberens, en de ünöfhinklikens. Dêr wurdt fierderop neier op yngien. Hjiründer wurdt no earst yngien op de termen 'open standards' en 'open source', wurdt der sjoen nei lyksoartige eksperiminten yn oare plakken en wurdt it ramt fan dit inisjatyfütstel oanjün. Open standaarden (Iepen standerts) binne easken (technyske spesifikaasjes) dy't oan software steld wurde en op in foar elkenien tagonklike list fermeld wurde. Troch by software-üntwikkeling gebrük te meitsjen fan iepen standerts kinne programma's fan ferskate üntwikkelders en/of leveransiers elkoar ferstean. Dêrtroch is it mooglik dat sy op elkoars produkten trochbouwe kinne. Foarbylden fan iepen standerts binne ynternetprotokollen en webstanderts. Troch dizze standerts kin der bygelyks mei Microsoft Internet Explorer, Netscape Navigator of de Opera- browser oer it web surfd wurde. By e-mail is der ek sa'n frije ütwikseling fan programma's mooglik. By Open source gean wy in stap fierder. Software-programma's kinne yn in hiel soad programmeartalen skreaun wurde. De koade fan in programma wurdt de bronkoade neamd. As in programma klear is, wurdt it omsetten nei in masinekoade, it saneamde kompilearjen. In kompilearre programma is sünder de bronkoade net oan te passen of üt te wreidzjen. Foar wizigings is de gemeente Ljouwert, as brüker, öfhinklik fan de oarspronklike leveransier. By Open Source software wurdt de bronkoade mei it programma meilevere. De brüker hat dêrtroch Oldehoofsterkerkhof 2 Postbus 21000 8900 JA Leeuwarden Telefoon 058 233 88 33 Inisjatyf-ütstel fan: Yn- en oanlieding Wat binne 'Open standaarden' en wat is Open Source? Sjoch dizze stêd; sjoch wat der rünom bart - It aide spegelet him yn wat de takomst hat - Piter Terpstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2003 | | pagina 280