GEMEENTERIE FAN LJOUWERT FNP-Fraksje Utstel ta it halden fan in harksitting fan de rie om de ferselsstanniging en privatisearring fan de 'nutsbedriuwen' te evaluearjen. Behannelütstel In tal jierren lyn binne ferskate organisaasjes, dy't doe noch 'nutsbedriuwen' neamd waarden, op gruttere öfstan fan de oerheid setten, yn oare wurden ferselsstannige of privatisearre. Ek yn de gemeente Ljouwert binne fan ferskate nutsbedriuwen de oandielen ferkocht, en de opbringst dêrfan is yn de SIOF stoarten (Strategisch Investerings- en Ontwikkelingsfonds). De FNP wurdt geregeld benadere troch boargers fan lis gemeente mei krityske opmerkings oer de hannelwize fan de eardere nutsbedriuwen, lykas Essent (foarhinne FRIGEM), UPC (earder, yn Ljouwert, Telekabel), Vitens (Waterleiding Friesland) en NUON (earder PEB). Ut wittenskiplike ündersiken docht bliken dat klachten dy't konsuminten fentilearje, faak it topke fan de iisberch binne. Yn trochsnee wurdt mar 1 op de 20 klachten meld. De fraksje fan de FNP is ien fan de 10 politike partijen yn de gemeenterie, wy nimme oan dat ek oare partijen geregeld tillefoantsjes of brieven/mails krije fan ynwenners fan Os gemeente dy't te krijen hawwe mei it wurk fan de niisneamde bedriuwen. De FNP hat yn earste ynstansje de bedriuwen seis oansprutsen op har wurkwize en de klachten oan har foarlein. Wy hawwe de bedriuwen frege yn te gean op it servicenivo en de klachten yn lis gemeente. Wy hawwe allinnich fan UPC in (teloarstellende) reaksje krigen, fan de oaren heiendal net. Koartsein, de bedriuwen jouwe gjin iepenheid fan saken. Foar it wengenot yn üs gemeente liket it üs tige wichtich dat de levering fan enerzjy (elektrisiteit en gas), wetter en dataferkear op oarder is. As de bedriuwen har taken op it mêd fan dizze elemintêre foarsjennings net goed ütfiere, komt de oantreklikheid fan wenjen, wurkjen en rekreëarjen yn de knipe. Guon fan dizze bedriuwen hawwe, nettsjinsteande de privatisearring, noch hieltyd in monopolyposysje, en de boargers binne dus öfhinklik fan har tsjinsten. Om't der in protte sinjalen komme dat saken better kinne, steile wy oan de gemeenterie üt om in harksitting te organisearjen, om de boargers yn de gelegenheid te stellen om har miening oer de tsjinstferliening fan dizze bedriuwen te jaan (posityf danwol negatyf). Foar de gemeenterie is dit dan in soarte fan 'evaluaasje' fan it ferselsstannigjen fan de bedriuwen. Wy wolle dan ütsoarte ek fertsjintwurdigers fan de ferskate bedriuwen noegje om de klachten en opmerkings oan te hearren, en dêr eventueel op te reagearjen. Nei oanlieding fan de harksitting en it ferslach dêrfan kinne de politike partijen dêrnei seis konklüzjes lüke oer hoe't sy fierder omgean wolle mei it privatisearjen fan ditsoarte en oare bedriuwen, en oft der eventueel mear regeljouwing komme moat om de konsumint (better) te beskermjen. De partijen yn de gemeenterie fan Ljouwert kinne it ferslach en de konklüzjes fan de harksitting fansels ek trochspylje nei har provinsjale, 1 e- of 2e keamerfraksjes of fertsjintwurdigers of Europeesk nivo. Sa sil yn de twadde keamer yn it twadde healjier fan 2003 ek sprutsen wurde oer de liberalisearring fan de netwurkbedriuwen. Ik wol jim ütstelle om it presidium te belêstigjen mei de fierdere tariedings fan de harksitting. Mei rju achtinge, S. Posthumus, FNP

Historisch Centrum Leeuwarden

Raadsverslagen van de gemeente Leeuwarden, 1865-2007 (Bijlagen) | 2003 | | pagina 416