Nûmer wurklist 13 Foarstel 75/90 Stiens, de 13e fan 'e blommemoanne 1975 Underwerp bydrage ûtjefte boekvmrk Oan de gemeenteried Fan it Haedbistjûr fan it Kristlik Frysk Selskip is in forsyk ynkommen om in bydrage ut de gemeentekas fai f. 350»foar de ûtjefte fan in bondeltsje mei in karlêzing ut de artikels dy't de hear Thomas Bakker fan Stiens de leste jierren yn "De Stim fan Fryslân" en "De Stiennen Man" publisearre hat. It Haedbistjûr fan it Kristlik Frysk Selskip is fan doel dizze ûtjefte to birêdden yn 'e mande mei de Kristlik Fryske Folksbibleteek. Ueffens it Haedbistjûr fan It Kristlik Frysk Selskip binne de artikels mear as sljucht weihinne journalistyk, hwant de hear Bakker jowt djipgeande prin— sipiële skôgings oer de grounslagen fan de Fryske Biweging en de problemen dêr 't hja mei to krijen hat. Keffens it Haedbistjûr hawwe hja in bliuwende aktualiteit en is it dêrom in goed ding dat it wichtichste dêrfan yn in duorsume foarm bivrarre bliuwt. De tinzen fan it Haedbistjûr geane lit nei in boekje fan likemoch 64 siden yn in oplaech fan 500 eksemplaren op syn heechst. Om't de kosten fan dizze op- laech om ende b.y f. 3.500,binne en it uteraerd ûnwis is hoefolle eksem plaren forkoft vrurde, wol men net heger gean as dit tal. It Haedbistjûr is fan bitinken dat it risiko foar harren allinne to great is en freget dêrom oan ûb gemeente in bydrage yn 'e kosten fan f. 350,as subsydzje foarof, of as bydrage yn in mooglik tokoart. Om't wy fan bitinken binne dat de litjefte fan dit bondeltsje nuttich is en de skriuwer hjirfan yn us gemeente vrennet, stelle wy jo foar dit subsydzje yn 'e foarm fan in bydrage yn in mooglik tokoart ta to sizzen. Boargemaster en wethûlders fan de siktaris, Ljouwerteradiel de boargemaster, J.P. v.d. K00I H. B0SCHMA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1975 | | pagina 47