Bijlage I. Foarsitter, dames en hearen! De wrâld is op 'e rin; de rie moat mei. Nou op e rin wolle wy net, mar drave moatte wy al. Net allinne kolleezje en riedsleden, mar ek kommis- jeleden ut de burgerij en bestjûrsleden fan doarpsbelang. Der wurd fer- gadere as kolleezje, as rie, as kommisjes, as yn- en utspraekgroepen (rapport Wonen) 't Oantal kommisjes vreidet him noch altiid ut: kommisje foar it mien- skiplik sintrum, ûnderwiis begelieding, stjGrgroep foar it selde doel; brânweerhelpforlieningstsj inst Wy ha al: kommisje fan bystân, fan berop, sport- en kulturele kommisje, kommisje iepnnbiere wurken en rumtlike oarderxng, studzjefouns, tariedmgs- kommisje foar "ruilverkaveling", wer ek in kolleezjelid sitting yn hat. Wy krije rapporten, forslachen, nota's, brieven, doarpskrantsjes en ek "de Stiennen Man" under eagen. Begreatingen, 't bled"de nederlandse ge- meente", "de gemeentestem1'fakblêdden, partij literatuer; ailes moat lêzen en bestudearre wurde! Yn us bibliotheekje, hjir efter yn 'e gong, leit noch folle mear. Dêr meie wy ek yn om sneupe! Wy krije les fan de siktaris oer de begreating, fan de wethâlder oer re- giofoarming, skielk (fan wha?) oer de utkearingen ut 't gemeentefouns o.a. foar 't ûnderwiis; meitsje om bar b. en w. gearkomsten mei. Wy keapje lân foar nije bestimmingsplannen, foar sportfjilden, foar yndu- stryterrein, Bouwe nije wenningwetwenten yn Koarnjum (ûndertusken al bewenne), Britsum, Stiens (nije wike heit de boargemaster de aarste peal dêrfoar), Hijum (benei klear)en aensen yn Aldleye. ®t Kolleezje fiert besprekkingen mei belanghabbers om wenten te bouwen yn Britsum, Koarnjum en Hijum. Wy bouwe brêgen (sûnder fietspaed); smite terpen ticht; meitsje boartersplakken foar de bern. De dyk troch Koarnjum is ek klear kommen. Wy hawwe in doarp derby krigen (Aldleye) en what foar in doarp! Tinke ek oer ferbouw en nijbouw fan doarpshûzen. Yn 't monuminten-jier restaurearje wy toeren, tsjerken, poarten, kafé (mei in fraechteken)De boargemaster keapet op in frije joun 't Gnder- stik fan de moune "de Hoop"; hat al prikken yn 't wurk steld om 't boppe- stik der op te krijen. Wy keapje in twadde klok yn 'e Kijumer toer, (what bysûnder op priis steld wurdt). Op Koarnjum en Britsum nei, binne as wurde al us Herftsjerken restaureare. Ek de nije Griff.tsjerken yn Stiens en Britsum meije der wêze. 't Lytse Griff.tsjerkje fan Hijum stiet yn de steigers, toer en tsjerke wurde ek opmakke Fan binnen en bûten de tsjerken prachtich; hjir freechje wy us 8f,^sjitte wy net to koart yn 't kommen yn dy moaije tsjerken. Binne wy noch Gnt- fanklik foar 't bliide Boadskip dat dêr brocht wurdt? En drage wy dit Boadskip ut yn us toheistere wraîd? Wy reiagen nei de âlde Amstelstêd om 't kongres by to wenjen fan de for- iening fan Nederlânske gemeenten. Ek dêr hiel what studzje materiael opdien Wy rieden nei Dokkum en Mitselwier om restauraesjes to besjen en fregen us 8fbinne der yn us doarpen ek sokke objekten ut tofieren? Wy bouwe beukerskoallen. Us boargemaster sloech de earste peal yn d' Orient groun foar de twadde bysûndere skoalle yn Stiens. En wy wienen derby. Wy meitsje plannen foar twa nije skoallen en in beukerskoalle yn Britsum, mei- enoar sawn lokalen. Foarsitter, is dar in mooglikheit dat der foar dy trije

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 17