- 2 - skoallen in gymnastieklokaal bout wnrde kin? De bern forreizgje nou folle tiid. Tryater en "t Frysk Orkest ha west yn Stiens. Spitich dat soks net oankun™ dige wurdt yn "Op 'e Skille" of oanplakt yn de bûtendoarpen, dan hienen ek wy hjir fan profiteare kinnen. De kulturele forieningen foar sang, mu- syk an toniel ha aile wiken danich oefene en wy ha de risseltaeten heare en sjen kinnen. "Halbertsma" mocht hûndert jier wurde. Ek de sportLjue ha har tige ward yn aile doarpen. Wy hawwe respekt foar al dy dames en hearen dy 't de jongerein traine en begeliede. Kampioenen en priiswinners yn us doarpen, ek yn de tinksport. Wy hawwe in kunstwark ûnthuld. Utstallings hâlden, yn 't gemeentehûs, mei ferve en stiel, mei wurk fan de plattelânsfroulje. Yn in bûthûs yn Hijum mei de kreativiteit fan 't hiele doarp. 8-88 hat warber west, sels foar 2 en 3 jierigen (Peuterklub) 'k Ha hiel what ooneamd, 'k bin my der fan bewust dat ik lykwols ûnfolslein west ha. Nim my net kwea of. Wy dogge oan ynspraek en utspraek, oan demokrasy - what ûs ek wol es parten spilet as wy tinke oan de stadiche gong fan saken yn d'Orient en befetimmings- plan Stiens. Wy drave en drave, mar der binne obstakels op 'e dyk, dy 't ûs ôfremme wolle. Foarearst de ekonomyske efterutgong oer de hiele wrâld. Kinne wy forwachtsje dat al dy wurken, dy w y opjouwe as a.c.w. objekt ut de greate pot kommen bliuwe? 'k Tink oan de dyk Stiens-FroubuurtEn de "wegenstructuurdy't ryk op in sacht pitsje set hat, hwerfan ek de oanliz fan de dyk Stiens- Ljouwert fortraging ûnderfindt. Dan de nije "Luchtvaartwet"In amtlike wurkgroep hat de prov.steaten al advisearre hoe 't se handelje moatte oangeande de doarpen om de fleanbasis Ljouwert hinne. Moat Jelsum fan de kaert? De minister hat jild beskikber steld foar isolaesje fan wenten om de fleanfjilden hinne. Marsum wie der by, Jelaum net. Net mear bouwe yn de doarpen mei lawaei fan boppe de 35 kos- teneenheden? As leste en net it minste de plannen fan de minister fan binnenlânske saken yn it stik fan de nije bestjûrsfoarm. Gjin fjirde bestjûrslaech! Wol moat de Provinsje (nije styl) protte wurk fan de gemeente oernimme. De minister wol dèsintralisaesje, mar as wy 't gele boekje bestudearje, what bliuwt der oer foar de gemeente? In strjitte noch ris in namrae jaen, prate oer forljochting en forkear in stik lân greater, as 1 ha. ha vy hjir neat mear oer te sizzen? Hoe komt it? Noch what trchsjokke, stapke foar stapke? En dan? Né, op 'e rin hoecht net, mar wy wolle al de draf der yn hâlde. Wy wolle om mei 't leste punt to begjinnen, mei tinke, mei prate, mei beslûte oer ûs gemeente. Wy wolle in sterke selsstannich bliuwende gemeente. Wy wolle it bestjûr ticht by 't folk hâlde. Yn 'e mande mei buorgemeenten sterke regio's foarmje. Wy wolle troch de Sffurdigen ût ûs rie yn 't regiobestjûr op 'e hichte hâlden wurde. Wy wolle ûs djip bûge oer aile saken dy 't yn de regio oan 'e oarder komme. Einliks moasten wy de gearkomsten fan de regio, dy 't iepenbier binne, mei meitsje op de publike tribune! Wy binne net bang fan suburbanisaesje, mar binne ek bliid dat Ljouwert wer greeit. Fine ek sterke gemeenten om Ljouwert hinne fan belang foar de sin- trumfunksje fan Ljouwert. Wy hoopje dan ek dat !t universitair ûnderwiis noch yn 1976 fan start giet. Ek yn t belang fan de wurkgelegenheid

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 18