- 3 - Wy wolle de saken dy wy as regio oan kinne net oan de Provinsje oerdra- ge. Wol fan belang is, oerdracht taken fan Ryk nei Provinsje. De minister is begoun mei 44 gewesten; nou is it 26 provinsjes - nije styl - Limburg is al eergunstich op Fryslân. Soe it noch net ris op 12 âlderwetse provinsjes utdraeie? Us foriening fan Wederlânske gemeenten hat ®t regear in advys stjûrt;"Sterke gemeenten in nieuwe provincies". Jim kinne it fine yn nû 49-5 desimber 1975. Ek de foriening fan leden fan gemeente- en provinsjebesturen vn Fryslân (1), hat de minister in brief skrean, en kaem dêryn ta de konkluzje,dat as it konsept wetsûntwerp ûnfor- oare wet wurdt, de betrutzenheid tusken burger en lokaelbestjûr forsteurd wurdt. Sa lang de nije "luchtvaartwet" noch net fan krêft is, der miskien flean- tuchen komme mei minder lawaei,de proeven mei isolaesje fan huzen noch net utwurke binne, kinne wy us bouplannen net stop sette. As der dan gadingmakkers binne, dy't bouwe wolle yn Koarnjum, Britsum en d'Orient, raeie wy dat net keare! Wol moat it "Overlegorgaan Geluidshinder" der ailes uthelje hwat der yn sit. Yn de 2' keamer hat in petear west oer de forhâlding tusken de eigen went en de hierwent. Yn Dutslân wier dat twatredde eigen en ientredde hierwent. Yn us lin is it krekt oars om. Der is oanstien op stimulenrring eigen wenningbesit. De minister en syn beide steatssikretarissen wolle hjir efter stean en hegere subsydzje jaen. 'k Woe freegje hoe is de forhâlding tusken dy beide yn Ljouwerteradiel? De ekonomiske efterutgong en de wurkleasens ek foar us in greate soarch. Wy witte dat kolleezje der efter oan sit om us a.c.w.-objekten utfierd to krijen en om nije yn to stjûren. Wy moatte dêrby net to beskieden wêze. Yn us gemeente is 't persintaezje fan de wurkleasens fan 3,2% yn 1974 op 5,62 yn 1975 rekke; forslechtere dus. 't Liket der op dat dy wurkleasens langer duorje kin. Foar de betrutsenen in great fortriet. Hwat dogge wy yn Ljouwer- taradiel hjir oan? Foaral foar de jongeren? Kinne wy b.g. rûmte beskikber stelle wer sy sinfol dwaende wêze kinne, miskien kursusen folgje kinne? De regjo Lj ouwer t is yn gearwurking mei 't arbeidsburo Ljauwert yn 'e skrip mei lytse objekten foar sa folle mooglik wurkleaze jcngeren. Us fraksje trunet 't kolleezje oan om hjir ailes ut to heljen. In oplossing fan 't probleem forkearsfeilichheit Wythusterwei-Menno van Coehoornwei is nou tichteby. En hwat 't probleem fan de oerstekknnde fiet- sers by Jelsum oangiet, korat de provinsje nou yn 1976 mei in oplossing? Wy ha der al sa lang op wachte! Us plysje is warber 5 man to min, oerûren wurde der makke, dochs noch sprekûren hâlde, aile wurdearing! Ek foar us brânweer, dy kursusen folget, 'k Leau dat de nije wein der goed ynfalt. x Ferline jier mei de begreatingsgearkomst hat de burgemeester us in rapport fan dt brânweer tasein oer de brânprëvinsje en de brânfeilichheit fan 't Pyter Jurjenshôf. Is dat rapport der al? Wy wolle graech meiwurkje oan reservearringspost foar bûtengewoon Gnderhâld swimbaden. En foar de rekrëasje, en foar de folksounens, tink mar es oan de lange hjitte simmer, fine wy de beide swimbaden bilangryk. Ek de postfoar pensionering personiel hat us ynstimming. Wy binne wiis mei dit perso- mel. 't Is der altiid sukerskjinr En de sfear is bisunder goed. Wy hoopje yn 't nije jier de sporthal to iepenjen. Wy wolle yn 't nije jier prate eer 't structuurplan.Ljouwerteradielbestim- mingsplan bûtengebiet, urginsjelist (eerste oanset ta mearjierreplanning) En de ruilverkaveling! (1) fan K.v.p. -C.H. en A.R.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 19