- 4 - De kommisje R.O. hat al fan de plannen heart, Wy wclle us ek hjir yn for- djipje nou 't de belangen fan us agrariërs oan de oarder komme. Wy krije forslachen fan kommisjess regio, e.s.f. Wy wolle ek graech dat wy de korrespondinsje tusken de roeieningen fen doarnsbelang en B. en U. ynsjen meije, sadat wy op de hichte bliuwe fan what der yn us doarpen libbet. Noch ris t»rgemeesternet op 'e rin, mar al de gong der yn hâlde, wy wolle as fraksjes neienoar, mei 't kolleezje, raei personeel (siktarij) en ge- meentewurken op arbeidzje ta it wolwêzen fan us gemeente. Dat wolle wy dwaen, net nei 't konflikt model, mar nei 't harmony model. Dan komnte wy 't fier st. Tank oan aile raeidoggers, wurkers mei de hânnen en mei de holle. Foar aile ynformaesje dy't wy en op 't gemeentehûs en op gemeentewurken krije. Ik freechje my wol es ôf: lizze wy ek tofolle beslach op de tiid fan 't personiel? Tank oan de hear Hemrica en syn frou foar de kofje en thê on aile ûren fan de dei. Tank oan B. en W. dy ek dit jier har mei hert en siel ynset hawwe foar us gemeente. Burgemeester tank foar jo lieding, dy sa strak net mear is as 't west hat. Jo sizze sa gau net mear: gjin ûnderlinge diskusje" dat makket tis gear- komsten fry en plezierich. 'k Winskje us gemeente Ljouwerteradiel folle lok en seine yn 't nije jier. x t r i

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 20