Bijlage II. Bij itcpmeitsjen fan 'e algemiene beskôgingen foar dit jier kin it net oars dat min bigjint mei noch ris krekt nei to gean hwat fis fraksje forline jier nei foaren brocht hat oan op- en oanmerkingen, fraegen,winsken ensf. bij de algemiene beskôgingen doe. En it moat sein wurde dat as min de ynhâld fan us alg.besk. fan doe "toetsen" giet oan hwat der dit jier fan utfierd is, dan wol hwer't min mei bigoun is ta utfiering to bringen, wij net ûntefreden binne. Wij ha forline jier nochal hwat omtinken joen oan 'e saek fan 'e "meerjaren- planning". It spyt Gs, dat it kolleezje ek dit jier wer sizze moat (seit)" Wij binne der troch oare drokte net oan ta kommen". Wol ynnommen binne wij mei de tasizzing, dat it yn 'e bidoeling leit, dat de konsept-urginsjelist yn 'e gearkomste fan jannewaris bihannele wurde sil. Wij bliuwe nammentlik fan biiinken dat it kommen ta sa'n "planning" - en dus ek fan in bigreating oer in oantal jiaren - it nimmen fan ad-hoc bislûten foar in great part foarkomt en dat min as rie, as groep en as burger in better sicht kriget op hwat wij mei elkoar wolle en kinne. Yn forban mei it opstellen fan boppeneamde urgins- jelist wolle wij noch wol sizze dat it us hwat tsjin fallen is dat sawol de V.V.D, as de F.N.P. naat as hast neat oan de troch it kolleezje opmakke list taheake ha. Us fraksje mient dat de partijen, dy't net sit ha yn it deistich bisjûr sa'n kâns net foarbij gean litte kinne. As min sels neat ynbringt wurdt it praeten oer hwat oare groeperingen ynbrocht ha net "geloofwaardiger" en soks is jammer. Us fraksje forwachtet nou dat wij yn *t bigin fan it oare jier yn goede gearwurking mei elts dy't der mei to krijen hat, komme kinne ta it opstellen fan in "meerjarenplanning". Uteraerd is it ek us net ûntgien dat de groei fan 'e bifolking, toneisten bij 1it ôfroune jier net west hat hwer't wij de leste jierren oan wend wiene. Dat hjirre sprutsen wurde kin fan 'n "stagnatie" - mei oare wurden fan in tydlik opkearen fan 'e groei - doare wij sa net to sizzen. Wij binne fan miening dat de ekonomyske situaesje en de dertroch Gntsteane sociaele situaesje foar it greatste part fan de minsken, nou net daliks liede sil ta in tanimmend forhuzjen nei bûten de sted en/as it keapjen fan in hûs der. It liket us fierderis ta dat it wizigjen fan 'e Loftfaertwet wol der ris liede kin ta in needsaeklik "bijstellen" fan 'e gemeentelike beleidsnota foar safier it de Romtelike Oardering oangiet. Yn forban mei de R.O. hat it us fraksje goed dien to konstatjearjen dat it kolleezje de struktuerskets tige bijsteld hat hwerbij de groei net mear as utgongspunt foar it tilied jildt. De "leefbaerheit" as it "wolwêzen", saeken dy't ek troch de struktuerskets foar Fryslân as utgongspunt hantearre wurde, wurde deryn nei us betinken dochs wer sterk "vertaald" yn streefgetallen foar de greatens fan kearnen en forsoargings- gebieden. Spitich genoch lizze de ûnder- en boppegrinzen derbij noch safier ut elkoar, dat in "gericht" beleid nei us miening net mooglik is.Wij binne dan ek bang dat de gemeentelike struktuerskets noch net foldwaende beantwurdzje sil oan de bihoeften ta in stjûrmiddel foar it belied. Kommende op it mêd fan it ûnderwiis wolle wij noch der ris utsprekke bliid to wêzen mei it oannimmen fan it kolleezje-foarstel ta de bouw fan 'n nije skoalle foar it iepanbier ûnderwiis yn Britsum. Dat min in paar moanne lyn bigoun is mei de bou fan de twadde skoalle foar it bisûnder ûnderwiis docht us deugd. Wy hope dat der aversaesje yn 'e bou sit, sadat de husfestingsperikels foar dizze skoalle sa gau mooglî'k foarbij binne. Hwat us as fraksje tige spyt is it feit dat min net tagelyk mei de bou fan dizze skoalle al dy foarsjenningen oanbringe lit, dy't de lûdsoerlôst sa lyts mooglik meitsje. Wij miene dat it bistjûr, faeks yn gearwurking mei it kolleezje, ek nou noch prebearje moat hjirfoar jildmiddelen to finen. Wij miene wol, dat min bij de bou fan nije skoallen yn 'e takomst de ûtkomsten fan it C.B.S. oangeande de skoalbifolking tusken de jieren '72 en '92 goed yn 'e gaten hâlde moat. Sjoen it weromrinnen fan it berteoerskot forwachtet dit buro yn dizze tweintich jier hast in weromrinnen fan de skoalbifolking mei 50%, as mei oare wurden in klas fan 30 leerlingen nou is in klas fan 15 yn '92. Hwat de skoalbegelieding oangiet binne wij ynnommen mei it feit, dat de rie bislet- ten hat ta to treden ta it Mienskiplik Sintrum en dat min op 'e ein fan it jier gemeentelik ek oergien is ta it ynstallearjen fan in stjûrgroep. Wol ha wij it

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 21