- 2 - tofaek ofroune jier de idee krigen dat der forskil fan miening wie tusken it Sintrum en de Regio. Wij miene, dat it Gnderwiis forlet hat fan ir praktyske oanset ta begelieding. Forline jier ha wij sein: "foaral mei de greate buorman Ljou- wert sil it oerliz oer de Gnderwiisbegelieidng faeks net altiid like raaklik forrinne" en sjoen utspraeken yn gearkonsten fan 'e Regiorie ha wij tocht us wol gelyk krigen. Us fraksje bliuwt derbijdat de ûnderwiisbegelieding fanut it fjild Gntstfean moat, sadat aile groepen dy't der direkt mei to krijen ha, n.l. de âlders, de Gnderwizers en de bistjGren - ek dy fan it bisGnder Gnderwiis - der fanôf it bigjin bij en yn bilutsen wurde. Dat troch de Kulturele Rie troch in inventarisaesje yn aile doarpen in oanset joun is ta, nei hwat min neamt de Permanente Educatie, stelle wij tige op priis. Wij hope, dat min it kommende jier ek praktisch oan it wurk gean kin. Hou't de bibliotheek selsstannich wurden is en foaral ek troch de ynfiering fan 'e nije Bibliotheekwet - hwertroch de lokaele oerheit,binammen jildelik folle mear to meitsjen krijt mei it dwaen en litten fan 'e bibliotheek - liket it us foar de hân to lizzen, dat ek wizigingen oanbrocht wurde yn 'e bistjGrsfoarm derfan. Hoe sa'n nij bistjGr der krekt utsjen moat witte wij op dit stuit ek net. Wol geane us tinzen ut nei it ynstellen fan in soart bigeliedingskommis- je foar de earâtkommende tiid. Noch wichtiger dan de bistjGrsfoarm is foar us it boekenbestân en de hGsfesting. Oan beide moat op sa koart mooglike termyn hwat dien wurde. Binaramen oan it earste. It bieden fan mear mooglikheden ta ynformaesje is fan great bilang. Yn in maetskappij dy't sa yngewikkeld wurdt, is it in needsaek dat de minske de kâns bean wurdt geastelik syn hiele libben troch bij to tanken. Romte sil yn 'e takomst nei aile tinken wol foun wurde kinne yn it P.J.Hof, mar sa lang de forhuzing net pleats fine kin moat wol soarge wurde foar de best mooglike situaesje yn it gebouw fan nou. Us fraksje hat mei genoegen kennis nommen fan it feit dat de minister in forklearing fan gjin beswier ôfsjoen hat foar de bouw fan in nij forfangend forsoarginstohds, sadat de bou hjirfan nou yn sicht komt. Sjoen de hege pensionpriis, n^u al boppe de 1.200, binne wij wol bang dat de priis yn in nij betren-kelijk lyts tohus, wol^der ris heech utfalle kin. Fierders is us fraksje fan bitinlen dat in kapitaelslest fan 800. 000,op it aide gebou ds noch wol der ris foar greate problemen pleatse kin yn 'e takomst. Wy ha mei nocht lezen, dat it kolleezje in bidrag op *e bigreating pleatst hat foar in oanset ta it iepen bejaerdenwurk. It sil noch wol in protte tinkwurk en in great oantal gearkomsten freegje om to kommen ta in dudlik belied op dit punt. Oangeande de sport en de sportforsjenningen wolle wij nei foaren bringe, dat wij wol der ris de idee krije - ek yn us lytse rounte - dat sport foar in lytser as greater tal minsken gjin spel mear is - mei oare wurden gjin frijbliuwende besichhdt mear - mar dat de saek forsimpele wurdt ta:Myn kli-t>^us klub moat winne. Dqbaren, de tsjin- stanners, moat eliminearje wurde, hwertroch in wedstriid faek wurdt ta in oarloch yn syn simpelste en suverste foarm. Wy ha derom in protte respekt foar al dy jingen, dy't altiid foar de forieniging en de leden yn 't spier binne om foaral ek de krektneamde situaesje foar to kommen. Hwat de forsjenningen oangiet miene wij dat mei it klearkommen fan 'e sporthal yn maert wij it punt fan "verzadiging" foarlopich hast wol birikt ha. Wij sjoche wol graech dat it sportfjild fan Aide Leije nou op koarte termyn rea— lisearre wurdt. Mocht der oer net to lange tiid noch gjin A.C.W. subsydzje los kommen weze, dan stelle wij foar it wurk yn eigen bihear to dwaen en to tinken oan bijge- lykse de E-regeling. Hoewol wij witte dat it kolleezje dit jier net stilsitten hat om yn oerliz mei de Provinsje to kommen ta in greatere forkearsfeilichheit op 'e wei Ljouwert-Stiens, is der noch net folle bard. Wij trune der dêrom noch ris op oan ailes to dwaen om sa gau mooglit to kommen ta in forbettering. Ek yn us gemeente nimt jammergenoch it oantal wurkeazen ta. Wij binne dêrom bliid to witten dat kolleezjes fan in oantal gemeenten,hwerGnder dy fan us yn gearwurking mei it G.A.B. prebearje in oantal wurkleazen yn to skaekeljen yn it gemeentelik bidriuw. Foarsitter, yn it bigin ha'k sein dat us fraksje net Gntofreden wie oer hwat der dit jier dien en birikt is.Soks hâldt uteraerd net yn, dat wij ek net ûs toloarstellin- gen hawn ha en net in diel fan us krityk en fraegen hâlden ha.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 22