- 3 - Ien fan 'e saeken dy't wij us as fraksje it measte oanlutsen ha is wol west it nei hûs stjuren fan 'e redaksje fan "Op 'e Skilla" troch de mearderheit fan 'e rie. De hiele saek wie en is foar us in hiel prinsipiële en mei prinsipes fait net to "sjoemeljen". Us miening is foldwaende nei foaren brocht yn 'e riedsgearkomste fan janne- waris en noch der ris op 'e nij yn it saneamde senioren-convent yn augustus. Wy ha der neat oan ta to heakjen. Nou't wij de ynhâld fan "Op 'e Skille" sûnder redaksje sûnt jannewaris lêzen ha, kinne wij net neilitte inkelde sitaeten to jaen ut in proefskrift fan Dr. J.Fischer oer fiif sokke krantsjes ut it Oldambt. Hij konstatearret: a. van de doelstelling van de kranten - het versterken van de eenheid - komt niet veel terecht; b. de voornaamsta zorg van de makers is:er moeten geen prohlemen ontstaan over de inhoud; redaktiebeleid en inhoud lijken onderworpen te zijn aan de sociale contrôle van de geraeenschap; c. de gemeentelijke overheid staat centraal, maar politiek is taboe; d. het gemeentebestuur wordt menr gezien als een natuurverschijnsel dan als een politiek apparaat; e. de krant heeft een voornamelijk symbolische functie; van de bindende functie komt in de praktijk weinig terecht. Oan't safier de sitaeten. It is perfoast netûnaerdich de ynhâld/fan "Op 'e Skil le" fan nou. Foar us leit de konkluzje foar de hân. In saek dy't us it ofroune jier ek wol der ris hwat sear dien hat as ien fan us oan it wurd wie yn riedsgearkomsten, wie de opmerking"hwat infeepraet, wâz saek- lik". Wij wolle daliks tajaen dat der troch us wol der ris hwat to wiidweidich praet waerd en wurdt, mar min moat fan 'e oare kant bitinke dat foar us polityk yn it foarste plak in saek fan it gewisse wêze moat. Wij miene, dat min politieke saeknn net weimoffelie moat troch to dwaen as giet it om in boekhâldkundich probleem dat op te lossen fait mei hwat ienfâldich rekkenwurk i.p.v. mei prinsipe. Nou't wij us dochs rjochtsje ta de kollega-riedsleden wol ik persoanlik noch wol sizze, dat it mij spyt, dat sa'n lyts tal kollega's gebrûk makket fan 'e biblio- theek foar de riedsleden. Dizze jowt hiel hwat ynformaesje hwer't min it neffens mij net sûnder stelle kin wol min sa goed raooglik op 'e hichte komme fan hwat der op binammen it gemeentelik nivo omgiet. We binne sitten bleoun mei us krityk op en mei us fraegen oangeande de "wurk- wize" fan'e Regio Ljouwert. Us fraksje bliuwt fan bitinken dat de Regio Ljouwert sa't dizze op dit momint wurket net is oerienkomstich us ideeën oer demokrasy. Binammen it deistich bistjur fan'e Regio giet saken ûndersykjen, dy't faekentiids by de gemeenterie net as problemen bikend binne. Dizze saken wurde - sa liket it us ta - meastal troch de boargemasters - dy't sjoen harren funksje nou net daliks de minsken binne dy't in stik belied utstippelje moatte - as troch wethâlders en in inkelde kear troch in riedslid oanwiise troch de ut harren midden troch de gemeenterie yn 'e regiorie nei foaren brocht. Mei oare wurden, in hiel, wichtich stik fan 'e publieke saek wurdt dien troch minsken en we wolle daliks sizze op tige enthouseaste wize dy't net troch rjocht- streekse forkiezingen foar dat wurk troch de boargery oanwiisd binne. Boppedat is gjin lid fan Regiorie forantwurding skuldich oan hwa dan ek. Elts lid fan 'e Regiorie hat allinne mei him sels to krijen. It liket us ta dat de boargemasters en wethâlders ek kwalitatief hiel hwat yn 'e molke to brokkeljen ha en we miane dat de demokrasy troch dizze wize fan dwaen aerdich yn 'e "versukkeling" rekket.oEttR&r„ In allerearste "regel" yn it iepenbier bistjûr is: hwa macht is tabitroud moat foar syn gebrûk derfan op elts momint ta forantwurding roppen wurde kinne. En soks leit mei de bistjûrders en de leden fan de regio op dit stuit en nei dizze wurkwize tige muolik. Leze we de konkluzjes fan it distriktbistjûr fan 'e Regiorie (17.12.75) - we stelle it op priis dat de fraksjesekretarissen dizze tonei krije oangeande de gearkomsêe fen de V.N.G. yn R'dam dan stiet der op side twa - fansels net yn't Frysk "de verwachting, dat Friesland op het punt van de regiovormen alleen zou staan werd niet bewaarheid. Er was veel steun en begrip". f~fan dizze sitaeten der ris to lizzen nest de ynhâld

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 23