- A - As min soks dan stean sjocht dan brekt ji.i de kldmp. Hwerom? Om 't wet yn it forslach fan deselfde gearkomsten yn R'dam yn "De Ned.Gemeente in goed bled (24.10.75) side 525 lêze: de Friese vertg?enwoordigers bleken de fervenste aanhangers te zijn van de wet gemeenschappelijke regelingen. Zij willen toe naar regiovorming binnen de provincie, enz. Efkes fierderop yn it selde forslach stiet dan? Burg.H.T.Beuke van Lochum en burg. Bijleveld van Ehenen namen de heer Hellinga (de Fryske wurdfierder) stevig onder vuur. De eerste merkte op men maakt zich hiermee politiek ongeloofwaardig - in feite pleit men voor het behoud van het bestaande. De heer Bijleveld zei een aangepaste of niet aangepaste wet gemeenschappelijke regelingen zal *l:ijd zo blijven dat de ene gemeente zich gemakkelijk kan verschuilen achter de andere. Men schiet daarme zijn doel voorbij In tredde sprekker wethâlder Hekkeman fan Arnhem merkt noch op:als we sub- regio's menen te moeten kiezen, moeten we de discussie over de vierde bestuurslaag weer hervatten. Oan't safier de sitaeten. Yn boppeneamd forslach gjin inkelde stim dy't it opnimt foar de Fryske idee. Hwer en fan hwa rain in protte steun en begrip krigen hat is us dan ek net sa dudlik. Us fraksje kin hun aerdich fine yn'e w vrden fan de hearen Beuke, Bijleveld en Hekkelman. Ek wy miene dat de regio sa't nou wurket, soarget as min dat nou wol as net wol dat der in fjirde bistjurslaech komt n.l. tuslcen gemeente en r provinsje en ek op sa'n wize rcitsje de gemeenten dan taken kwyt. We xnoat'-- te deksels goed bigripe dat as de regio's mear to sizzen krijc faeks ungemurken mear macht oan harren lûke - it net oars kin dan dat de regio- rie der komme moatte troch in rjochtstreeks keazen fortsjinwurdiging fan de bifolking. un hwat ha we dan? Krekt, de gewesten dy't we sein ha yn Fryslan net to wollen. We wiene it er yn dizze provinsje dochs oer iens dat Fryslan ien bliuwe moast. Fryslan fordwine? Nea! Wie sels ien fan de wichtichste leuzen fan de F.N.P. Komme we net ta rjochtsstreekse forkiezingen dan ha de regio's in protte wei fan reginteklubs as boargemasterskartels en dat soart fan institueten hat altiid fier fan bifolking ôfstien. We moatte us nei twa jier regio earnstich offreegje:Hwermei binne we un- derweis? Hwat wolle we en hwat dogge we? Us fraksje is op dit stuit fan bitinken, dat sa't de regio Ljouwert nou wurket, boargemasters en wethâl- ders der to faek foar master op spylje, dat troch en ut de gemeenterieden oanwiisde leden fan ^bregiorie - it oantal is net great - nochal meigeand binne, mar dat de gewone boarger, fan hwa boargemaster Hellinga seit: hy (de burger) ervaart deze aanpak en hy bedoelt de wize hwerop de regio wurket ook veel meer als een aanpak dichtdij huis dan een overschuiven van zaken, naar een heel ander niveau -nés*"* s en aihiel oan'e kant stiet. Ja, noch sterker, gjin weet hat fan hwat uc regio krekt is en docht, hwat yn hwat mindere mate faeks ek wol it gefal is foar in protte gemeenterieds- leden. Us fraksje stiet iiarom op it stânpunt dat in foarm fan intergemeentelik bistjur allinne nedich is foar in interim-periode mai oare wurden oan it momint ta hwerop in nije bistjûrlike yndieling dy't we allejeare wol as in needsaek sjogge, mar dan yn in oare opset as dy yn it foarûntwerp fan wet fan Min. De Gaay Fortman ynfierd is. We miene ek dat min yn sa'n regio allinne praete moat oer lokaele saken en net oer boppe gemeentelike. We ha, wol der ris it fielen dat aile biswieren, dy't min hie en hat tsjin de mienskiplike regelingen nou yn forsterke foarm werom komme yn'e regio. Foarsitter we ha lang stilstien bij dit underwarp. We ha dit dien om 't we miene dat it kolleezje, de oare riedsleden, mar foaral ek de boarger der rjocht op ha to witten hwer't we as fraksje steane hwat de regio oangiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 24