Myn doel wie it dit jier koarter to hâlden dan forline jier. Ik leau dat ik der net sa bot yn slagge bin, mar it fait net ta it koart to halden as yn in fraksje in hiel protte saken libje. We wolle in elts dy't direct as mear indirect by it wurk fan en yn'e ge- meente bilutsen is hertelik tank bringe foar ailes hwat hja ek dit jier wer dien ha yn it bilang fan de minske yn us gemeente. Yn't foarste plak tank oan it kolleezje. We kinne soms djipgeand forskil fan miening ha oer de wize hwerop en it doel hwermei bipaelde saken tcoch jimme dien wurde, mar dat nimt nea wei dat we tige respekt ha foar jim ynset. Graech wol ik eindigje mei eltse ynwenner fan us gemeente foar it nije jier dat ailes ta to winskjen hwat hy as sy der fan forwachtet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 25