Bijlage III De bigreating 1976 sjocht, lykas "de nota wonen" foarut, mar omdat dit faarutsjen faek foar in jier is en aerdich hwat concreter dan de "nota wonen" is oer de bigreating nei myn miening makliker to praten. Yn it earste plak wolle wy us tofredenheit utsprekke oer it slutend wêzen fan 'e bigreating. It batig saldo is wol net sa great, mar it is altyd bet- ter dan in tokoart. It liket wol oft de bigreating elts jier greater en dikker wurdt. It is, fyn ik, dan ek in prestaesje aile cifers op 'e tiid bij inoar to krijen om de financiële opset fan it kotnmende jier to meit- sjen en om de bigreating op 'e tiid de doar ut to krijen. In wurd fan wurdearring oan aile rainsken op it gemeentehûs, dy't der oan meiwurke hawwe, is dan ek wol op syn plak. Ik miende to witten, dat it wol de be- doeling wie in lyts uttreksel ut de bigreating to meitsjen foar de yn- wenners fan Ljouwerteradiel, sadat de belangstellenden ek sjen kinne hwert it jild yn 'e gemeentehûshâlding bliuwt. Mei namme sil min skrikke, tink ik, fan b.v. it tokoart fan it swimbad, mar elts is dochfe tige wiis mei it swimbad hjirre; gjin ien soe it graech misse wolle en dan moatte wy mar hoopje dat min, mei dit soarte cifers op papier, begrip op bringe sil foar de needsaeklike bilêstingforhegingen. It spyt us tige, dat mei namme de onroerend goedbelasting, al foardat er yn wurking gien is, al omheech moat. Dat wurket wér mei oan 'e inflaesje, dat wurket wer priis- forheachjend, nei us bètinken ien fan de oarsaken fan de wurkleasens; in great probleem yn dizze tiid, hwert ek us gemeente mei to krijen hat. De foarutsichten fan de wurkgelegenheid binne, ek hjir yn it noorden fan us lân, somber, en dan fyn ik it soms hwat unlogysk dat min skoften praet oer in "nota wonen", hwant ek it "wonen" hinget mei ôf fan de wurkgele genheid. No wit ik wol dat der in nota werken folgje sil, mar jo kinne neffens my min oer wonen prate, sunder de wurkgelegenheid derby to bilûken. Op it plattelân, en us gemeente is dochs noch in plattelânsgemeentemoat in great part fan de rainsken harren wurk fine yn 'e agraryske sector en yn in tiid as dizze, hwert it de lytse undernimmers net maklik makke wurdt, troch u.a. de sterke hostenstigingen, moat men de agraryske under nimmers einliks net to folle bilemmeringen yn 'e wei lizze. Ik kin my net oan de yndrok ûntluke, dat op 't heden, de minsken, dy't de plannen meitsje, de planologen, mear op de milieutoer binne, dan op de practische toer. Jo hoeche mar wer to sjen nei de "nota wonen", dy't yn dit opsicht ek nochal tendentieus is. Ien wurd foel my yn 't bysonder op, by it punt dat hannele oer bouwen fan tsjinstwent by in buorkerijDer stiet, men moat "ver- stening" fan it plattelân tsjingean. It wurd,"verstening" sil yn in stêd op in kantoor djippe yndruk meitsje, mar as jo jo it plattelân foarstelle mei in tsjinstwent by de buorkerijen, dan is it wurd verstening fansels swier oerdreaun. Ik haw no pleite foar de bedriuwen net to folle to bilemmerjen, mar jo moat te as gemeente prebearje ek de ynwenners fan de doarpen as it kin terwille to wêzen.B.v. fuotpaed yn Britsum. By de stikken hawwe wy sa no en dan de forkeap fan in pear meter groen oan in ynwenner dy't der bilang by hat, so't der hjoed wer in bewenner oan 'e Burmaniawei in hoekje groen feocht hat. Hawwe B. en W. bipaelde richtlijnen hwer't wol en hwer't net forkocht wurdt? Wy hearre fan minsken yn plan Sud, dy't oan 'e feart wenje, dat sij net it hoekje groun tôt oan 'e feart keapje kinne, hwat se sa graech wolle faeks wie it in oerweging wurdich om de groun hwert neistlizzers bilang by hawwe, mat oan harren to forkeapjen dan hat de gemeente it underhâld ek net fan al dy lytse hoekjes grien of heesters of hwat der op stiet. Sa bin ik bidarre yn'e open- bare werken sektor en dat is in sektor hwert altyd in protte plannen en in protte winsken bistean. Ik leau, dat der op de concept-urgentielist wol 30 punten neamd binne, mar punt 3, n.l. de forbetteriig fan 'e dyk Stiens-Frou- buostermoune is wol tige urgent, tinkt us. Kinne wy net, no't wy yn 'e foarige riedsforgadering, it fytspaed by de 2e brêge oer de Stienserfeart forlopig forfalle litten hawwe en ek it fytspaed lâns de Griene Leane, dat jild bisteegje oan it begjin meitsjen mei de forbettering fan 'e dyk nei Froubuorren. Ik haw fierder gjin behoefte om aile hoofdstikken fan de bigreating apart to "beschouwen". De miening fan us fraksje blykt, neffens us wol ut us foar

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 27