- 2 - of tsjin by de foarstellen dy'tsa'n hiel jier troch yn 'e gemeenterieds- forgaderingen oan 'e oarder komme. Ien punt wol ik noch wol neame. De skrik sloeg us om it hert by de plan- nen fan de minister fan binnenlânske saken, fan reorganisatie binnenlansk bistjur, hwer'tty taken dy't de gemeentebistjuren goed sels utfiere kinne, oerhevelje wol nei de provinsje. Soks soene jo net forwachtsje fan in rigearing dy't "spreiding van kennis, macht en inkomen" foarstiet. Mar wol is de regionalisatie en it goed functioneren fan 'e regioried in punt fan bilang. Yn in tiid, dat in gemeente net mear foar ailes in eigen tsjinst hawwe kin; b.g. vuilafvoer, destructie/goed wurk dwaen en ik in regioried, sa as wy diel utmeitsje fan de regio Ljouwert, kin in gunstich oerliz tusken de gemeenten bifoarderje foar saken dy't de gemeentegrinzen to bûten geane. Ik bin dan ek bliid dat der in plan komme sil oer de for- dieling fan de huzenbou bygelyks. Mar hwat my net just taliket is, dat de Sffurdigen fan elke gemeente dêr yn 'e forgaderingen fan 'e regioried net gesamenlyk as fortsjinwurdigers fan de gemeente nei bûten trede, mar dat hja yn politieke groepsringen wurkje. It liket my dat Baerderadiel dat bet- ter sjocht, dy't cly yndielmgen yn politieke groeperingen net wol. In protte saken hwert yn de regioried oer praet wurde sille practyske pjnten wêze hwer de polityke ynsjochten nauwelijks in roi spylje en mocht oerliz tusken de leden fan in polityke party foarôf nedich weze dan bistiet dy moochlikheid ommers altyd. Ik mien dât de leden fan 'e regioried der k azen binne as Sffurdigen fan in gemeente en net offurdigen fan in politieke partijIt biswier dat dan soms de plattelânsgemeenten en de stêd forskillende bilangen hawwe sille, fyn ik net sa slim. De regioried is no ienris in gearwurkjen fan lytse gemeenten en greate, fan plattelânsgemeente en stêd; dy bilangen sille soms forskillend wêze, mar it is dochs net slim, dat dat yn 'e forga deringen blykt; it komt allinne mar de dudlikheit te goede liket my. As ik my in forgadering fan de regioried foarstel, hwert elts sit nei poli tyke proepering, dan soe my dat tinken dwaen oan in 4e bistjûrslaech, mar as elts sit yn in offurdiging fan in gemeente dan tinkt min oan in gearwurkjen tusken gemeenten. Dat wiene in helde opmerkings by de bigreating 1976. Oan it ein fan myn for- hael wol ik graech elk hjir op 't gemeentehûs bitankje foar de plesierige manier fan gearwurking dy't wy hjir underfina om us wurk as riedslid to dwaen en ik hoopje ek yn 'e takomst op in goede gearwurking ta it wolwêzen fan de ynwenners fan us gemeente. f~fan vee en vlees ensfh. kinne gemeenschappelijke regelingen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 28