Bijlage IV. Foarsitter, Kollège en Rie, It is dochs wol in foarrjocht om yn sounens, en meielkoar, in algeniene skôging hâlde to meijen ek mei ut namme fan de F.N.P., nei in fry drok en ek produktyf jier op it gebied fan gemeentebèlied. It is meast winsklik om foarut to sjen, winsken stelle, plannen meitsje, soms oer en to folle. Men giet er ommers fanut regeren is foarut sjen. Foarsitter ik doch it dizze kear ris hwat oars. It is miskien wol learsam om ris nei to gean fan hwat winsken en bilof- ten wy yn it forline utgien binne, en hwat wy der yn wézen fan makke haw- we, it resultaet ôf to mjitten, en fan der ut us takomst to bipalen en rjochting oan to jaen. Om to bigjinnen; fan us forkiezingsleuze, fyrsere doarpen greater, jnear libbensfetberheit, kinne wy dochs sGnder mear stelle dat op dat med wol hwat dien is. En dan tink ik oan de nije plannen. Aide Leije, nijbou, forbetterjen forieningsgebou, oanliz sportfjild. Hijum, nijbou; Koarnjum, forbetterjen dyk yn de buorren, nijbou en forgrutsjen tan it doarpshus. Britsum, allyk sa. Ik wol net sizze dat op dit mêd nou aile winsken forfulle binne, mar der is in bipaelde lyn folge, in lyn dy't wy, neffens ûs, yn de takomst fdgje moatte. Wy hawwe ek de boatersplakkenrage hawn, in stoarm yn in gles wetter. It is wer hinne gien, sa;t it ek opkommen is, en ik achtsje it ek fan minder bilang. Wy hawwe ek ûs adhesie bitsjûgje kinnen oan it dikeplan.lt leit wol^buten it territoriuro fan ûs wengemeente, mar der wiene dochs riedsleden dy t mienden harren "deskundichheit" nei foarren bringe to moatten. Wer doe noch gjin oerheid noch polityke party har oer ûtsprekke hoe of woe, der diene hja it al. De gemeentelike heryndieling is fanselr yn petear west. Der wie de mear- derheit wol oer ût, op de V.V.D. nei. Wy hawwe wardeariing foar it bilied yn ûs gemeente, yn 't bisûnder oer it finansiël bihear, dat it mooglik makke hat, dat wy mei in legere utkermg per ynwennerneffens greater stedden en gemeenten, dochs in slûtende bigreating hawwe. In moasje, yitsjinne, omtrint ûtkearing Gnderwiis en gemeentefGns, troch de F.N.P. is dertroch kommen mei bihelp fan P.v.d.A. en V.V.D. Motyfearing C.D.A. wie foar my net dûdlik. C.D.A. moat tonei net kleije oer in to bihyplike ofdracht yn dizzen. De kwestie oer Op 'e Skille is oan de oarder west en is noch net ûtiten. Hjir hawwe wy nouris Gnderfoun hoe 3E it net moat. As in publisiteitsmedia, lyk as dit, foar saeklik, mienskiplyk - en gemeen- telik nys, redaksionearre wurdt troch in redaksje mei tige iensidich rjochte ynsichten, dan koe men fan tinken wol ha dat de lêzers it hj:* net mei iens wiene. Der sil probearre wurde om ien en oar wer yn 't goeie spoar to krijen, mei Handel en Ambacht, om dit orgaen fan 'e mienskip, op in demokraetyske menier, wer lêsber to meitsjen en to hâlden. De Z.P. fêstiging wer't it yndustry terrein yn ienkear fol mei is, en hwermei wy ek in stikje âld Stiens kwytrekken, It Noarderfjild. Ik wit noch net of dit wol de wurkgelegenheid jowt sa as de optyraistyske tinsen wiene en yn de publisyteit brocht binne. Der wurkje op it momint 5 ynwenners ût ûs gemeente, 2 fest, 3 los.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 29