- 2 - Roalforkaveling yn tarieding. Fan de normaele agraryske saeken hat de trochsné boarger net folle weet, en leit him der skynbar ek mar in bytsje oan gelegen. Mar sadré as der oangelegenheden binne dy't in for- oaring, in oanpassing, soms in yngreep op it lanskip hawwe ta bihoeve fan de agrariër, mar dan ek foar de mienskip yn syn totaliteit, dan steane Jou der forstelt fan hoefolle sa neamde milliue biwuste kinners der al harren fysy oer hawwe. Faeks sûnder kennis fan saeken en sGnder ynsjoch. 't Leit foar de hin dat troch modernysearing fan bidriuwen in forkaveljen winsklik is. It is net de roalforkaveling dy't it lânskip in oar oansjoch jowt. Wegens en wetterlopen sille hjir faeken it tracé hâlde, en mar in inkeld bidriuw sil formoedlik forplakt wurde. Mar wol de oodernisearre iijbou, oanpast oan de nije ûntwikkelingen, sil in oar byld jaen oan ûs lanskip. It fodwinen fan de tradisjonele foarm fan ûs moaije pleatsen sil hjir wol in great forlies wêze. Ik bin fan tinken dat wy nei forrin fan tiid ûs nochris fornûverje sille dat wy noch sa'n drokte meitsje koene oer in Romney loadske. Lûdshinder fleanfjild. De nota fan mevr.I.Vorrink hat ek de noadige op- skuor jown. As it ministearje oan isolaesje wol sa folle jild bisteegje sil as it nou al kostte hat oan it ophâlden fan plannen en aktiviteiten, sil my bineije. De bistjûrlike taeken.ûs troch de oerheit foarsteld, om mear oan dizzen to jaen oan it provinsjaelbistjûr foun ek hjir, nei myn bitin- ken nei hwat to lang biried, ek ûs ynstimming net. Wy geane der dochs fanût dt it bilûken by een ynspraek fan de boarger foarop stiet, yn syn totaliteit. Al mei al is it noch al hwat, en mei de realisaesje fan ien en oar moat it mooglik wêze om hjir op troch to bouwen. Foarsitter Nei dit ailes haw ik doch wol de bihoefte om der efkes neijer op yn to gean hoe't ik, nei in goed jier yn de Rie, dit ûndergien haw. Ik mien kon- statearje to kinnen dat 3m dizze rounte de F.N.P. dy't gjin groepsbilang foarstiet mar it algemien bilang sintrael stelt, dochs wol in bipaelde oanslûting ûnderfynt. Al hoe wol ik mar in ienmansfraksje ûtmeitsje, dus in lyts part fan de Rie, merkbyt ik dochs dat ik oeral yn bihelle wurdt. Ik wol hjirby in wurd fan wardearring ûtsprekke oan it kollëge fan B. en W. Ik wol ek wol sizze dat de mearderheit yn dit kollëge de stikken faeks sadanich bringe, dat it tsjûget fan in saeklike en riële ynstelling. Ek ynsage en iepenbierheit wurdt hjir, foar sa fier mooglik, jown. En krekt derom foarsitter kin ik my, misskien wol to folle, ergerje oan bipaelde riedsleden dy't faeken yn earste ynstansje ûtgeane fan in wan- bitrouwen. Faeks net iens mei in reedlik en saeklik alternatyf nei foaren komme. Hjirby in maetskappylear forkûndichje, dy't ik net ûnderskriuewe kin, en eamelje en dramje ta it uneindiche, hwat gearkomstetechnyk en bislûtfoar- mingaLmeast net to'n goede komt. Ik soe hoopje dat dizze minsken hwat minder hobbyist en hwat mear saeklik wiene. Der is de mienskip it meast mei holpen. Foarsitter, îk bin oan de ein komraen; riedslid wêze is net maklik mear, foaral net foar in ienmans fraksje. Jou moatte fan ailes wol hwat witte en der op ynsketten reitsje. Ek yn de forskate kommisjes. Mar nochris de help en ynlochting binne optimaal. Ek oan aile amhners, dy't it allegearre forwurkje moatte, in wurdt fan tank. Nammes de F.N.P. goede feart yn in nije jier en it seil net heger loeke dan de mêst lang is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1976 | | pagina 30