bijlage besluitenlijst dd. 23.12.1976. Achte Riedsleden, Lyk as forline jier waerd my by de Algemiene Biskogings de hint jown om ek dit jier myn eigen biskogings oer it ôfroune jier en myn visie to jaen oer it kom- mende jier. graech Ik wol hjir7©an~foldwaen, al bigryp ik dat ik op forskate punten hwat lcoart wêze moat ora it joun net al to let to meitsjen. It jier 1976 wie amperoan bigoun, of hege wylde weagen fleagen by de Surcher sêdyk op. We skreaunen 3 jannewaris. Forskate amtners en ek myn persoan gynger. yn kâorte tiid (yn novimber 1975 wie it ek al bard) de kelder fan us gemeentehGs yn om der tarissingen to meitsjen foar it gefal dat der hwat slims barre soe. Lokkich koene wy de moarns tsjin fjouweren opstappe omt it w.çtter wer oan 't sak- jen wie. Fan de earste kear hiene wy gâns leard. Der ûntbriek noch al it ien en oarj sawol oan de organisaesje as oan ynstallaesje en it to brûken materiael Hjir binne wy dit jier drok mei dwaende west en wy hoopje 't ien en 1t oar yn it kommende jier Sf to meitsjen. Sa't dy dagen oan't bigjin fan it jier wiene, sa is ek it hiele jier sahwat forroun, al birikten aile djiptepùnten lokkich net altiid "orkaenkrêft" mei wynkrëft 12 sa't it dy nachts wie. Hwat us tige oan't wurk hâlde wiene de dikke rapporten. Dat jilde net allinnich foar us, mar ek foar Jimme en tal fan amtners. De nota 'Wenjen wie amper bihannele of dër wie de nota "Wurkjen" al yn !e bus. It soe tofolle tiid nimme om aile nota s op to leppeljen dy't us Gnder eagen kom- men binne. Nou kin 't trochnimmen fan en studearjen op 't stuit wolris nijsgjirrich wurk wêzejlêr stiet tsjinoer dat it in tiidfrettende saek is, dy't mar al to faek jouns of .oan't ein fan'e wike barre moat, omt der oars gjin romte foar is. In oare skaedkant is, dat m'n al mar mear it gefoel hat, dat dizze, meast amtlike stikken, al hantearre wurde troch de skriuwers en oaren, yn de amtlike advizen. It foarutrinnen op nota's en wetten is by hegere ynstânsjes al skearing en ynslach. Persoanlik bin ik fan bitinken dat dit us démokraesje sâdanich Gndergraeft, dat ik der gjin goed wurd foar oer haw. Kaera dit forskynsel eartiids allinnich mar by it Ryksregear foar, de Provinsje kin t ek al lang net mear litte. Wy soene as gemeenten hjir folle mear tsjinoan skoppe moatte, hwant de bui is noch lang net oer en it wurdt al mar slimmer. As ik ien fan dy nota1s der efkes uthelje mei, dan is dat de folle bisprutsen nota "Lûdshinder". Sa njonkenlytsen is dizze oankondige wet, hwêryn oer de sinteraesje alhiel net sprutsen wurdt, hast troch eltsenien as stôk brukt om de houn to slaen. Elts docht mar as de wet al oannommen is, sunder ek mar each to hawwen foar de gefolgen foar (is boargers. Ik ried Jim oan hjir al mar mear tsjinyn to gean om slimmer yn 'e takomst to foar- kommen. As men nou al net mear rë is om de utbou fan it doarpshûs to Koarnjum op 'e list to setten fan Gnnfoljende Wurken dan freegje ik my of, hwêrop basearret men it rjocht om dit to dwaen. *5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1977 | | pagina 11