- 4 - Wy hawwe as Kolleezje in protte papier oer Jimme hinne Icomme litten mei noch folle mear problemen om oer to kerdizen. Loklcich hawwe wy dit meiinoar dian mei in soad nocht oan it wurk. In soad swirichtheden hawwe der net west en de persoanlike forhâlding koe hast net better, Lykwols wiene der ek swiere slcaedkanten yn de ofroune tiid. Dizze simmer waerden wy allegearre tige kjel fan it birjocht dat us riedslid Scholtus troch in slim ûnk yn it sikenhGs tolâne lcommen wie en dat it net al to best like. Hoewol t it tige min like hat, is de Hear Scholtus dochs wer by syn frou en b'èrn thuskommen. Lykwols is syn tastân noch net sa dat er wer oan it wurk mei en ek net mei dwaen kin oan it riedswurk. Dit is dan ek de reden hwerom as er mient hat bitankje to moatten. It muoit my tige dat ik krekt op dizze joun ôfskied nimme moat fan us fréon Scholtus. Dit ofskie set dochs wol in domper op dizze joun. Hwant we hiene de Hear Scholtus yn'e koarte tiid dat er Riedslid west hat, kennen leard as in iverich en freonlik minske, dy't graech bliid mei de bliden wie en tige bilangstellend as der by in oar swierrichheden wiene. Ik wol him graech fan dit plak 3f tige tank sizze foar hwat hy foar us gemeente en foaral yn de Gemeenteried foar us bifolking dien hat. Mar net minder foar aile freonskip dy't wy faninoar underfoun hawwe. liei it de Hear Scholtus tige goed gean. Ik hoopje dat syn sounens noch fierder tanimme meij yn it nije jier. Noch neitinkende oan de kleurrike kulturiele joun mei aile kulturiele forienings ut de doarpen waerden wy opskrikt troch it birjocht, dat us riedslid de Hear Bak, slim siik wie en opnommen yn it sikenhGs. Wy tochten dat er him oan dizze joun hwat fortild hie omt er in protte allinne organisearre hie. Dit wie lykwols net sa.Spitichgenôch wie it folle slimmer. Loklcich is er wer thus by frou en bem, al bigrypt er ek sels och sa skoan dat de flagge noch lang net utkin» TJy hoopje mei him dat der foar syn gesin sparre bliuwe mei. Forline wike haw ik noch lang mei him praet. Ik haw mar al to goed bigrype kinnen hoe swier it paed is dat us fréon Bak mei syn gesin lais moat. Graech winskje ik ek him in algehiel betterwurden ta. Riedsleden, as sokke dingen om jim hinne barre, wurde in hiel protte dingen nei efteren skowd. Tsjinstellings forlytsje en easkjen wurdt freegjen, freegjen soms bidden. Mar it bin' lokkich net allinne slirame dingen dy't minslcen byinoar bringe. 1k fleu rige kinne dat dwaen. As v/y noch efkes werom sjogge nei de tige slagge tentoanstelling yn de Z.P.C.-hal- len, hwêr safolle minsken mei of sGnder it treintsje hinne setten as Stiens nea earder sjoen hie, As wy sjogge nei de feesten by gelegenheit fan de iepening fan us nije sporthal, hwèr't wy allegear tige greatsk op wêze meije, dan hawwe wy merbite kinnen dat us bifolking ek noch yn ienriëdigens feestfiere kin. Aile stille wurkers efter de skennen fan dizze feesten noch myn hertlike tank foar ailes hwat hja dien hawwe om ailes goed slachje to litten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1977 | | pagina 14