Riedsleden, ik bin bigoun to sizzen dat it hjir bigoun mei in swier stoam. Der hawwe mear slimme saken west it ôfroune jier. Mar ek hichtepunten om nea wer to forjitten. Sa is it libben faek, dat sille wy allegearre wolris underfoun hawwe. Sa is it ek mei my persoanlik giens ek yn it jier 1976. Tige tank foar ailes, foaral foar Jimme meilibjen, ek mei myn hushalding en de hichtepunten dêryn. Jim bigrype my wol, tink. Mei ik Jimme allegearre gesegende en gesellige Krystdagen tawinskje. Boppedat in goed uteinde fan 1976 en ek noch in hiel lokkich en soun 1977. Ik soe Jim oanriede wolle nei dizze gearkomste de papieren fan de gemeente mar ef- kes to forjitten om ut to blazen, foar it wurk dat der wachtet yn it jier fan de Heare 1977. Mei ik, foardat ik dizze leste gearkomste slut de parse ek noch tige tank sizze foaral har skreppen en skriuwen en us boargers foar har regelmjittich kommen nei dizze riedsseal as wy hjir sa byinoar sieten. Bar't ik de hammer falle lit, soe ik de riedsleden graech freegje wolle straks nei Sfrin noch efkes to bliuwen. Der is noch it ien en oar oerbleaun om op to meitsjen en ik soe it spitich fine as der hwat bidjerre soe ear't it Nije jier bigoun is. Allegearre tige tank foar Jim lusterjen en wol thus.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1977 | | pagina 15