- 3 - Ik mien dat de Regio op sa'n wize to"swier" fan opset wurdt en dat to mear as sein wurdt dat yn'e einfase it personiel yn tsjinst fan'e Regio kcnme moat/sil. Hjirmei krije we dan - hwat we yn Fryslân sein ha net to wollen - de bêrte fan in fjirde bistjûrslaech en it nooglik ûntstean fan gewesten, mar dan sûnder direkte forkiezings. De Regio wurdt sa fan in advisearjend orgaen in doch—or— gean en yn sa'n ûntjowing sjoch ik in bidriging fan sawol dfe gemeente as de provinsje as bistjûrlike ienheit. b. it sociaele aspekt; personiel yn tsjinst fan'e gemeenten kcrrrt nei langere as koartere tiid yn tsjinst fan'e Regio. Min rint in greate kans dat soks tagelyk ynhâldt dat it tsjinstbe- toan oan'e boarger hwat it opheljen fan smoargens oangiet minder great wurdt. De lytse geireenten sille harren hwat it "boppesteande oanbilanget wol oanpasse noatte by it dwaen en litten fan de greatere buorman, fan hwa it tsjinstbitoan minder great is as ailes greater wurdt nimt it kontakt mei en tusken minsken ôf en rint it bitoan tobek. Boppedat is de lêste tiid dudlik oantoand dat de bilutsenheid fan 'e wurker of- nimt by it greater wurden fan 'e organisaesje" en dat dertroch bygelyks it sykteforscm tige tanimt. c. it Milieu - technysk aspekt; it fait nny muoilik - sa net unmooglik - yn to sjen hoe min it opheljen fan snoargens los sjen kin fan it forwurkjen derfan. Myn gedachte is dan ek dat jin utsprekken foar in regionael opheljen oer net al to lange tiid liede sil ta in regionael forwurkjen, mei greate kans op forbrannen fan smoargens. d. it fiiarekonomysk aspekt; hoewol de "kcnmissie vuilverwerking" in protte sifermateriael oandroegen hat, is it mij op dit stuit to biheind om op groun derfan allinne al in positieve holding oan to nirrrieni tsjinoer it foarstel fan 'e Regio. "Reiniging" bestiet neffens my ût to minste twa konponentendy't it sa as ûnder punt c sein, net lossjen kin fan elkoar ni. it opheljen en it forwurkjen. De sifers oangeande it opheljen jowe op it earste gesicht in fin.foardiel foar de gemeentenmar it is bipaeld net fantasye to tinken dat it foardiel cmslaen kin yn in fin.neidiel hwennear de kosten fan it forwurkjen, forbrannen, ek yn e birekkening opncîtmen wurde. Derby komt noch dat by de berekkening troch de kan - en dat koe doe ek net oars - utgien is fan it opheljen fan smoargens yn seis gemeenten, mar ik kin net bisjen hoe't de sifers der utsjogge as min utgiet fan 11 gemeenten dy't nou by de Regio oansletten binne. Boppeneamde aspekten oerwegjend stel ik de rie foar net my to gean yn it foarstel taeken en befoegdheden fan'e mienskiplike tsjinst oer to draegen oan 'e Regio Ljouwert. Burgemeester en wethouders van Leeuwarderadee1 de secretaris de burgemeester J.P. van der Kooi. H.Boschma.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1977 | | pagina 49