- 4 - Wy kinne ynstemme m>ri itjinge le kolleezje yn de beskriuwingsbrief stelt n.l. bij het bestemmingsplan "Stiens d'Orient" een zeer voorzichtig grondbeleid te gaan voeren om de groei van de bevolking tôt een aanvaardbaar niveau af te remmen. Net te min litte de sifers yn de oanbiedingsbrief foar de klear to kommen wenningen foar 1977 getallen sjen fan 150 en foar 1978 by ungewizigd beleid wer 150, de struktuerskets dy 't wy yn aug. foarig jier oannommen hawwe, lit in maximum ta fan 90. Hwat betreft Britsum; stelt wurd yn deselde brief dat it Sillân yn 1979 fol- bout wêze sil, dat is 4 jier earder as de stuktuerskets oanjowt, wylst by it kommentaer op de untwerpskets sein is, dat de boumooglikheden richte wurde moatte op de eigen befolking en dat de omfang beskieden halden wurde moat. De haest wermei in ny utwreidingsplan foar Britsum op stapel set wurd, be- frjemdet us fraksje. Foar de Orient itselde forhael, yn de struktuerskets is er romte tôt 1982, it kolleezje seit dat yn 1980 d'Orient folbout weze sil. Us fraksje hat faker as ien kear merke litten, dat se har oan de struktuerskets halde woe. Dizze dudlike ôfwieking wurdt troch it kolleezje mei gjin inkeld wurd for- kleare. Wy freegje dan ek hwat for waerde hechtet it kolleezje oan dizze struktuerskets Nochris wolle wy de needsaek faû it klearkommen fan it plan butengebiet nei foaren bringe. Wy hawwe op groun fan de inlieding by it bestemmingsplan butengebiet de angst, dat dit best.plan oanpast wurdt oan it foaruntwerp foar de ruilverkaveling. Hwat dit betreft hoopje wy dat wy it mis hawwe, hwant net in ruilverkavelingscomm.mar de Rie makket de best.plannen, oarsom scoe yn striid wêze mei de demokratyske riegels. Al dizze plannen besoargje ek de tsjinst gem.wurken hannen fol wurk, wy fine ien amtner mear by dizze tsjinst ferantwurde. Mear muoite hawwe wy ek dit jier hwer hawn mei it ynsjoch yn de begreating fan Iepenbiere Wurktnv Dit is gjin forwiet oan de direkteur, mar in gefolch fat it feit dat by de tsjinst l.W. die begreating opmakke wurdt. De forantwurding derfoar leit by it gemeentebestjuren wy scoenen dan ek foarstelle wolle om yn de takomst neist de tsjinst l.W. de commissie l.W. yn to skakeljen by it opsetten fan de begreating foar die tsjinst. De dieken fan Stiens nei Ljouwert en Fr.Buorren hawwe yn it ôfroune jier aile oandacht hawn. Foaral foar de fietsers, sille der op koarte termyn oan te bringen forkearsljochten, een stap nei de befeiliging wêze. Ek yn Stiens jowt de forkearsfeiligheit us soargen. It is to hoopjen dat it op to stellen forkearsplan, oanwizingen inhâld foar in greatere feiligheit en dan tinke wy yn it bisûnder oan it bêrn, dat ienkear gebrûk meitsjend fan it munster forkear, de beskerming fan de oerheid nedich hat. Yn it begjin fan de beskôging haw ik de kommende forkiezings al efkes neamd. It kiezen fan oerheitsbestjûren is en bliuwt foar de burger in wichtige saek. Wy hoopje dan ek dat ek dit jier de kiezer wer folop gebrûk meitsje sil fan syn rjochten. Yn de Rie fan Ljouwteradiel sil ek wikseling pleats ha. Sa as it liket stappe aile trye froulike riedsleden er ut. Ik scoe er by de partyen op oandringe wolle: Set er wer froulike riedsleden for yn 't plak. Politiek is gjin manne- saek, en boppedat steane frouen er min of mear garant foar, dat saken dy foar frouen fan belang binne, net forgetten wurde. Dizze beskôging sil wol deselde toan hawwe as dy fan foargeande jierren fan us fraksje, dat is logiesk, wy binne fortsjintwurdigers fan deselde Party, hwaens begjinsels wy probearje to forwurkjen ek yn de gemeentepolitiek. - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 10