Wurklistnummer 26 Foarstel 70/24 UnderwerpStiens, 23 jannewaris 1978. antwurden op yn 'e Alg. skôgingen stelde fragen troch de 4 riedsfraksjes □an de gemeenterie I. P.v.d.A.-Frouw Stolte a. Freget it gemeentebestjûr de oansteande ferkiesing fan it Europeesk Parlemint goed ta to rieden. Wy sâzze dit graech ta. Middels publikaesjes, Q.o. Yn Op e Skille en sa nedich middels foarljochtsjende gearkomsten. Hjir leit lykwols ek in wichtige taek foar de polpartijen b. De Foarmjowing fan 'e Regio - ek troch aile oare fraksjes neamd Dizze foarmjowing^ is net yn 't foarste plak in saek fan^B. en W.mar fan 'e c riedsfraksjes sel9 en dan by nammen yn harren gearstalling nei sept. 1978. c. Fraech nei "Progressyf" begreatingsbelied De utliz fan konservatyf en progressyf yn dit forban litte wy graech foar rek- ken fan 'e sprekster. Wy wolle opmerke dat allinne reserfearringsposten opnommen binne der t de ried him earder al posityf oer utsprutsen hat. De probleemstelling wer't it hjir oer giet wolle wy byg. yn 'e april-gearkomste fan'e ried wol oan 'e oarder stelle, as de ried yn mearheid dit winsket. d. Foarljochting oan 'e gem.ried oer 'e Ryksbydrageregeling foarmings- en ûntwik- kelingswurk. □an 'e foarljochting oan ambtners op dit mêd wurdt al wurke. AfdFryslân fan 'e V.N.G. sil har hjir yn 'e takomst ek mei dwaende hâlde. Polityke partijen hâlde kursussen hjiroer. Sels hat it kolleezje hjirop noch tomin sicht om de riedsleden foldwaende foar ljochting jaen to kinnen. Mocht it bliken dwaen dat hjiroan yn 'e - neiste - takomst by de ried great forlet bestiet, dan binne wy ré hjiroan us meiwurking to forlienen. e. De foarm fan bistjûren fan it nije foarsoargingshûs Hjiroer kin de ried op koarte tiid in foarstel tomjitte sjen. As dit yn in stichtingsfoarm of yn dy fan it gemeentlike kommisje moat, sil by einslûten troch de riid utmakke wurde. f. Mear ynformaesje trochjaen oan 'e boargers yn "Op 'e Skille". It wer opnimmen fan forslagen fan rieds- en kommisjegearkomsten, foar safier dy iepenbier binne, sil troch B. en W. befoardere wurde. Ek wy stean op it stânpunt dat de borager rjocht hat op dy ynformaesje. It probleam is faek tiidgebrek op 'e siktary foar it skridwen fan 'e forslag- gen. g. Subsidearring sportakomodaesjes ensfh. Wy miene net dat yn it totael fan 'e kosten binnendoarsport guodkeaper is foar 'e minsken dy 't der gebrûk fan meitsje as bûtendoarsport □e hieren fan sealromte lizze nammentlik folle heger as dy fan fjilden. Wy sille dizze fraech oan de sportkommisje foarlizze.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 111