- 2 - h. Fordieling fan sealFomte - yn e takomst - oer forskillende doarpen. □izze fraech hawwe wy trochspile nei de rie foar /e sport om adfys. i. Ynkelde fragen oer R.O.en Wentebouw. Oangeande de oantallen bouwde wenten yn 'e gemeente miene wy sizze to kinnen dat wy us hâlden hawwe oan Struktuerskets en Nota Wenningbouw fan 'e regio. Dit moat dan sjoen wurde oer inkelde jierren. Dit wurdt ek oanjoun yn 'e oanbiedingsbriefEk yn 'e takomst tinke wy us oan dizze riedsutspraek to hâlden. Hwat de ûntwikkeling fan in nij bestimmingsplantsje foar Britsum oangiet binne wy fan plan dermei ynkoarten by de ried to kommen Seit de ried yn meartal dat sa'n earste ûntwerp inkelde jierren yn 'e "iis- kâst moat, dan bart dat. Wol wize wy der op dat it ynstjinjen fan in earste ûntwerp en de goedkarring derop fan O.S. inkelde jierren ferget. Ek miene wy dat in goedkarring fq.n 'e provinsje weryn tagelyk in tiidrek foar 'e wentebou oanjown wurdt, foar ^h gemeentebestjûr, net maetjaend hoecht to wêzen. In gemeentebestjûr hat hjiryn syn eigen foech. In 't foarste plak moat utgien wurde fan eigen belied en de utjefte moat ôfstimt wurde op hwat goed is foar Britsum. Oer it bestimmingsplan bûtengebiet binne wy it iens mei de achte sprekster dat net in "rvK" mar de ried sa'n plan opstelt en fêststelt. Dêrom hawwe wy ek wegere om de opmerkings fan 'e prov.rie ex. art. 0. Hweryn 't oanstien waerd op oernimmen fan ytlike lânskipseleminten ut it foarmuntwerp RvK. yn ûntwikkeling, yn dit bestimmingsplan op to nimmen op dit stuit j. Muoite mei de wize fan opstelling fan 't haedstik iepenbiere wurken fan 'e gem.begreating. Nei us betinken bart dit net oars as de oare haedstikken. De minsken fan 'e tsjinst gem.wurken sette dit nei bêste witten op. Krektsa wurket de Sfdieling finânsjes en de ôfdieling soaciale saken. Folle fierder ôf steane de opstellers fan byg. de begreating fan skoaldokters, skoaltoskedokters,fleisrkeuringstsjinsten etc. Us eigen tsjinsten meitsje de begreating foar harrenpart, rekken hâldend mei opmerkings, makke troch de ried by in foargeande begreatingsbehanling en troch B. en W. joune opdrachten. o De fierdere behanling is jimme allegeare wil dûdlik, sadat hjiroer fierder swijt wurde kin. II. C.D.A. Hr.Tulner a. Ynstelling gem.regiorie. Ek hjiroer kin sein wurde dat de ried hjiryn de beslissende stim hat. Wy soene us foarstelle kinne dat tidens de ynst.gearkomste fan 'e nije ried yn sept. o.s. hjirta oergien wurdt. b. oerskotten grounbedriuw, oerskriuwe nei de Alg.tsjinst. As in bestimmingsplan ôfslûten wurdt, komme de risultaten by de ried. Earder kinne gjin "forlopige" oerskotten oars earne foar brûkt wurde. Yn 'e takomst sil de ried feststelle moatte hwat mei de dan besifere oerskot ten dien wurde moatte. Us kolleezje sil dan mei forstellen komme. c. Forkeap bouwgroun yn d'Orient. Wy binne fan plan ynkoarten hwat terreinen ta to patsjen foar it jier 1978 oan oanfregers. Wy sille derby rekken hâlde mei de makke opmerkings. Ek wy miene dat de noch oanwêzige groun net yn ien jier forkocht en bebouwd wurde moatte. Oer it bouwen fan twa as fan mear ûnder kap sille wy us neijer beriede. Wol wize wy der op dat it bestimmingsplan ek rigebouw oanjowt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 113