Ut namme fan de V.V.D. seit mefrou de Boer it folgjende: Foarsitter, dames en heren, De measte riedsleden hjir witte wol sa ûngefear hoe ik tink oer it hâlden fan algemiene biskôgingen. Net sa botte positief, hwant ik mien, dat er noait net safolle nijs utkomt en dat de mieningen fan de fraksje sa yn de rin fan it jier wol nei foaren komme, as der in protte, greate of lytse, beliedspunten yn de riedsforgaderingen oan 'e oarder stelt wurde. Hawar de mearderheit is baes en ek de V.V.D. fraksje docht dan wer mei oan de tradysje fan it hâlden fan algemiene biskôgingen. De gemeentebegreating 1978 jowt gelokkich wer in lyts postje op "onvoorzien" oan, sadat wy us tofredenheit utsprekke kinne oer de forwachting takommend jier wer "roun" draeije to kinnen, al kin it dan ek gjin greate sprongen lije sGnder help fan in financiële bijdrage fan provinsje of ryk. Mar by algemiene biskôgings heart men hwat mear to sizzen dan allinne dizze tofredenheit oer it slûtend wêzen fan 'e begreating en om yn dit stik fan saken hwat inspiraesje op to dwaen, bin ik bigoun mei it lêzen fan de alg. beskôgings fan de 4 fraksjes ut dizze ried yn de jierren 1974, 1975 en 1976. Dat wie oan de iene kant in forkeard utgangspunt, hwant hjirnei is it noch folle muoiliker om mei hwat nijs foar it ljocht to kommen. Oan de oare kant wie it dochs ek wer neiskjirrich, hwant der wiene aerdich hwat punten dy 't by eltse fraksje of hast eltse fraksje oandacht krigen en sommige fan dy punten kamen aile jierren werom, oaren kamen blykber hwat gauwer ta utfiering en wurden dernei einliks net mear neamt. Ien fan de punten dy 't aile jierren neamt waerden, wiene de dyk Stiens- Froubuorstemole, dy 't dochs wol nedich oan forbettering ta wie. Wy binne och sa bliid dat B. en W. sizze to forwachtsjen begjin 1978 dizze dyk oan- bistede to kinnen en dan litte wy mar yn it midden, of dat is, omdat dit aile jierren weroan troch de fraksjes tige urgent neamtd is of omdat der in bi- langryke financiële bijdrage to forwachtsjen is. Ek de forkearsfeiligheit op de Brédyk krige faek oandacht en mei de fietsers foaral de protte skoalbêrn, dy 't by Britsum en Jelsum in drokke dyk oerstekke moatte, hie elts noed. Ek derfoar komt takomme jier in oplossing mei help fan de provinsje. Gelokkich! Mar no wurden wy yn de leste moannen in pear kear opskrikt troch slimme ûnge- lokken dy 't ek op dizze Brédyk bard wienen, mar dan op oare kruspunten. Wy binne us der dan ek fan biwust, dat, al meitsje jo noch sokke goede bi- feiligingen, minsken altyd fouten meitsje sille en dat ûngelokken noait alhiel to foarkommen binne. Oare winsken yn de aide biskôgingen wiene u.o. sportforsjinnings De sporthal is al realiseard en komt dernei faek net mear foar, mar wy wolle dochs neame dat dizze sporthal yn in greate bihoefte blykt to foarsjen en der wurdt suver noch rûzje makke oer de sealromte foar de sport. Ek de taskôgers kinne de "iehal" en ek de sportfjilden op "it Gryn" wol fine, liket us, hwant it is der faek drok. Gelokkich die de stoarm fan inkelde wiken lyn net safolle skea oan 'e sporthal as ik earst bang foar wie, by it hearen fan de neisbirjochten. De sportminsken kinne yn us gemeente wol oan harren trekken komme. Wy tinke soms, sa is it ek wol genôch, mar as der dan wer in fraech komt sa as b.g. ut Hijum foar in korfbalfjilddan binne wy ek wer oertsjûche fan de winslik heit dêrfan. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 19