- 2 - Hijum en Feinsum hawwe us yn it begjin fan dit jier ek oertsjuchje kinnen fan it nut fan in doarpshus yn Hijum en degemeenteried hat dêrfoar in bi- hoarlike subsidie tasein. Ik haw fol ris yn in riedsforgadering hwat kri- tieske wurden falle litten oer de protte brieven dy t de doarpshûscommissie us op us dak stjûrde. It past my no ek to sizzen dat wy mei plezier constatearje dat de minsken in Hijum en Feinsum ek noch hwat oars kinne as briefskriuwe hwant wy sjogge dat de hiele befolking him folop ynset foar forskillende aksjes om oan jild to kommen en dat se dêryn mar bêst slagje. It plan foar in nije skoalle yn Hijum wie ek gau makke, sa as ek de plannen foar twa nije skoallen yn Britsum. De âlderdom fan de bisteande skoallen wurde wol heech, hie ek al ris yn de algemiene beskôgingen stien. Fierder lies ik (it is krekt in roman) sa hwat in losse opmerking dat der ek wol ris hwat foar de bibliotheek dien wurde mocht, mar dat de bibliotheek waerskynlik wol in passende husfesting krije koe yn it Pyter Jurjenshôf, as dat leechkomme soe. Wolno, ik woe dat dat wier wie en dat dan tagelyk mear ynstel- lingen hjir holpen wurde koenen dy 't mei romtegrbrek to krijen hawwe. Ik tink hjirbij oan it Griene Krus, Maatsk.Wurk en Skoalbigilieding. Spitich genôch rinne dizze plannen foar husfesting yn it P.J.hof net sa hurd, hwant al dizze ynstellings binne yn harren Gnkosten ôfhinkelyk fan subsidie- jowers dy t yn it kader fan de bisuniging foaf husfesting gjin heger bedrag tastean dan der op dit momint foar utjown wurde en dan kinne wy it wol forjitte om it P.J.hof dizze bistemming to jaen. As lid fan de P.J.hêf-commissie moat ik sizze dat us leste hoop no noch festige is op it Ministerie fan Volkshuisvesting en Ruimtelijke Ordening dat in Gnderhâld tasein hat. Hopelyk komt hjir dan noch in subsidie los en oars sil de gemeentef-nei in oare oplossing foar it P.J.hof sykje moatte, b.g. forkeapje of ôfbrekke. Ofsjoen fan it feit dat it spitich wêze soe, dat in dergelyk gebou net oanpast wurde kin foar in oare funksje, soe it noch slimmer spitich wêze foar biblio theek, Griene Krus en de oare ynstellings hwant de oplossingen dy der dan foar it romtetekoart foun wurde moatte soene dan wol ris needoplossingen wurde kinne, wylst der in it P.J.hof in goede bliuwende oplossing mooglik wier. In bipaelde fraksje stel t ek in meerjarenbegroting nochal oan 'e oarder. Wy sjogge it nut hjir minder fan yn, hwant as jo wurkje mei in urgentielist dan is dat miskien hwat minder officieel, mar it kostet ek minder tiid foar it opmeitsjen en byhâlden hjirfan, en it risseltaet, dat is to birikken, hoecht net minder to wêzen. It die dizze selde fraksje nei dat de V.V.D. net folle punten taheakke hie oan de urgentielist, sa 't die er al lei, mar och, wy bliuwe mar hwat mei beide fuotten op 'e groun en sette op de urgentielist praktyske dingen hwer 't hwat sicht op is dat se in kear utfierd wurde kinne. Wy wienen dan ek wol bliid dat wy lêze koenen dat fan de urgentielist fan de V.V.D. in protte dingen utfierd binne of utfierd wurde sille. En dan us aller regio. Wy kinne der net omhinne om ek der hwat fan to sizzen, sa as wy twa jier lyn ek dien hawwe yn de algemiene biskôgingen. Doe hiene wy krityske opmerkings der it functioneren yn fraksjes in de regioried en dy biswieren bisteane foar us noch krekt sa. Boppedat, wy miene dat de regio ynsteld is foar saken dy 't bGten de gemeentegrinzen gean en dy 't gemeenten sels net bisjen of utfiere kin. Is it dan logysk, dat al dy nota's as hjoed wer de nota recreëren, earst bioerdield wurde troch de regioried en dan troch de gemeenten? Kinne de gemeenten dy sels net bisjen. De folgorde moat neffens us wêze, dat de gemeenten rëaksjes jowe op nota's, der 't de regioried en de oare gemeenten yn 'e regio ried fan yn kennis stelt, en as de regioried der dan in conclusie ut lGke wol dan is dat mooglyk, mar it is net needzakelyk. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 20