- 3 - Foarsitter, ik woc it hjir hast mnr by litte. Tn protte punten binne troch us net neamd, mar foar it kommende jier moat er ek hwat oerbliuwe en der bliuwt genôch oer; ek hiele bilangryke dingen sa as ruilforkaveling, mar der fait sinniger oer to praten as it voorontwerp bikend is; djipriolering dy 't noch in protte financiële soargen jaen kin, lyk as it ôfsluten fan bearputten foar de wettersuvering. Noch ien punt "de Permanente Educatie". No 't hjirfoar een part-time krêft bineamd is, of yn koarten bineamd wurde sil, wolle wy noch sizze dat wy och sa binijt binne nei de plannen dy 't dizze krêft yn us gemeente unt- wikkelje en utfiere (of miskien mei oaren) sil. Ta slot wol ik eltsbitankje dy t op it gemeentehus, by gemeentewurken of noch ergens oars yn 't spier wie foar de gemeente Ljowteradiel. Wy binne altyd tige flot holpen oan ynformaesje as wy der om fregen en oan in kopke thé of kofje derby troch earst de fam. Hemrica en letter de fam. Hottinga, dy t wy ek hertlik hjirfoar tankje wolle. In extra wurd fan wurdearring foar B. en W. en de secretaris. En binammen de wethâlders meije wolris in plûmke hawwe as wy sjogge hoefolle wurk sy dogge foar de gemeente yn in oantal uren hwat nochal hwat heger wêze sil dan it oantal hwerop de forgoeding basearre is. Jimme taekfordieling burg meester en wethâlders yn eriedsforgaderingen foldocht us skoan; as elts fan jim de punten bihandelt ut eigen portefeuille forlevendigt dat de forgadering As allerlêste winskje wy jimme allegearre geselliche krystdagen en in goed 1978 ta. 22-12-1977.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 21