De hear Faber seit ut nainme fan de F.N.P. Foarsitter, oanwezigen Dit is dan al de fjirde kear dat ik myn skôgingen hâld. It docht mysels wol hwat forfeelsum oan dat altiten deselde fan de F.N.P. wer syn lGd hearre lit oer de bifining fan it gemeentebarren en der omhinne. It wie dochs wol hwat in tsjinfaller dat wy nettsjinsteande greate ynset, mar mei ien riedslid ut 'e bus kamen. Dat hâlde wol yn dat ik as listfierder de striid allinich oanbine moast, boppedat ek noch as nij riedslid. Nou dizze fjouwer jier nei it ein rint is men miskien wol nijsgjirrich hoe ik as ienmansfractie dizze rite ûnderfoun haw. By myn ynset haw ik stelt dat ik de gemeente as bedriuw seach. Dit hâld yn dat de gemeenteried Gnpartidich en saeklik bislisse moat, fansels rekkene mei minslyke noarmen as it oer de boarger giet. Men giet nef£ens myn bitinken it doel om in gemeente optimaal to bistjûren foarbij as men mient dat men groepspolityk fan it boppeste buordsje bidriuwe moat en net it algemien bil.ang tsjinnet. Mei dit doel foar eagen bin ik dan as ienling bigoun. Ik haw it net altiten like maklik foun, mar dochs kin ik wol stelle dat ik aksepteare en respekteare bin en fielde my wol as ien van de tretjen., Nou haw ik my der nea foar skamme dat ik net aile saken Gnder de knibbel hie en dat ik mear praktysk Gnderlein wie as theoretysk. It is dan ek wolris for- stannich om nei oaren to harkjen. Hwant jo moatte jo fansels ek ynfoegje kinne as oaren in bettere oplossing foarbringe nei dat jo earst fan bitinken wiene. Dat is altiten better as praet fan praet meitsje oer saken hwer jo gjin dudlik ynsjoch yn hawwe. Tink ris oan it bidriuwslibben, de middenstân, de agrariërs, de pylders hwer ek de gemeenten in Fryslân op driuwe. Ik haw wolris it gefoel dat sommige streamingen yn us maetskippij wolris to- folle op de sturt fan dizze groeperingen traepje en derbij in optimale Gnt- plooiing fan dizze noch hurdarbeidzjende laech in dizze maetskippij yn de wei stiet. Sa kom ik ta oan de gemeentelijke wjeryndieling Op in gearkomst hâlden yn Marrum hat de F.N.P. hum dudlik utsprutsen tsjin in gearfoarming mei oare gemeenten, lyk as de oare partijen bGten de V.V.D. Foardielen ta in greatere gemeente binne nei myn bitinken troch gjin in- stânsje noch oandroegen. Wy achtsje it in great neidiel dat de bitrutsenheid fan de boargers yn de knoei komt by in greater gehiel. De Regio. Taken, dy 't in gemeente sels net oankin moatte earne oars Gnderbrocht wurde. Itsij yn in gearwurkjend orgaen of troch de provinsje. Ik bin in foarstander fan it earste, omdat ik fan tinken bin dat yn dit foarban noch ynspraek en eigen ynbring mooglik is. Mar as men yn de regio fraksjegewize ta in utslutsel komt, haw ik hjir per- foast hwat op tsjin. Dan wurd it in forpolitykte saek hwerby de lytse fraksjes tusken de wâl en it skip falle. Ek de ynbring fan de fortsjinwurdiger ut namme fan hjar eigen gemeente fait hjirby yn it neat. Utwreiding hGzenbou. Ik haw it ris yn ien fan myn earste skôgingen hawn oer de wetterholle of te wol d'Orient. Nou 't ailes dudliker foarmen oannimt kin men it better oersjen. Myn miening bliuwt toch noch deselfde, de biwenners wenje to fier fan, en de industry is to ticht, by it sintrum, en dit komt spitegernoch Stiens net to goede. It boubistimmingsplan Koarnjum liket ta syn Gntjowing to kommen, nettsjinsteande Gnnedich beletten troch inkelde instânsjes. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 23