- 2 - Foarsjenningen yn de bûtendoarpen. De foarsjenningen in de bûtendoarpen binne tocht ik nei winsk foroun of noch yn untjowing. Ik toch dat hjirmei de winsken fan aile fraksjes foar it om- tinken oan de bûtendoarpen wol aerdich ynfolle binne. Yndustryterrein. It soe eigentlik sa wêze moatte, hwer minsken oanlutsen wurde, der moat men ek foar wurkfoarsjenningen soargje. Neffens my makket men harren wolris hwat to drok oer it yndustryforkear oer oan- en ôffierwegen; mar it forkear nei de bedriuwen op it yndustryterrein is neffens my mar in fraktie fan it wenning-wurk-forkear fan Stiens nei Ljouwert. Nei myn bitinken is^it folle better de wurkgelegenheit in us eigen gemeente en provinsje to bihâlden. Der binne al to folle Friezen yn it forline om utens gien, meastal net om it aventûr mar ut hurde needsaek. Tink bygelyks oan de uttocht ut de lânbou de leste tweintich iier. Winkelbistân. Ik kom efkes hwerom om de lizzing van plan Sud en d'Orient ta oansjen fan it winkelbistân yn Stiens. It oantal ynwenners nimt ta, mar it oantal winkels giet efterut of nimt^in eltgefal net mear ta. De oarsaek is nei myn bitinken dat in soad minsken ut de nye plannen ynkeapen dogge yn 'e stêd omdat aile dagelikse forsjenningen hjir net to krijen binne. Fan dit oangeande ek in urgentiefoarstel fan us om ris to bisjen of it stiftsjen fan in winkelsintrum mei aile foarsjenningen (hwat dudlik ûntbrekt) to realisearjen. It notariaat to Stiens. Ik hie nea tocht dat der yn dizze ried fraktles wienen dy 't it notariaat net forsterkje woenen. Dit is dochs dudlik in mienskipsforsjenning dy 't ek yn it forline syn tsjinst biwezen hat. Ik soe deselde halding ynnimme as it bygelyks om in Ûntbrekkende fytsemakker gie. Ruilverkaveling yn Ljouwtafradiel It ûngeduld oer de ruilverkavelingsplannen wurd greater by lânbouwers en ek by mkelde riedsleden. Dizze lêsten stelden dan ek de winsk om ris ynsjoch to krijen yn dizze plannen. Mar dat kinne jo net earder dwaen dan as der reële plannen op it aljemint komme. Nou kin ik dan ek as kommisjelid forklappe dat it conseptfoarûntwerp yn 'e maek is. Nei trije jier krewearjen binne wy der yn slagge om mei aile bitrutsen ynstansjes ta oerienstimming to kommen oer de gearstalling fan dit rapport. Dernei is it troch eltsenien to forkrijen en kin de ynspraekprocedure begjinne. Ek de ried kin hjieroan meidwaen. De bigreating. Oer de bigreating 1978 kin ik koart wêze. Ik bin mei B. en W. fan tinken, nettsj insteande it lytse oerskot, dat dit net tarikkend is om oan aile noch libbende winsken to foldwaen en stim dêrom ek yn mei de foarstelde bilesting- forheging. Ik stim mei B. en W. foar in sunich en degelik belied foarsichtigheid op eventueel lettere ôffallers, dy 't sûnder mear net weibliuwe. Sa rin ik stadichoan nei it ein fan dizze skôging. It leit fansels net ta myn kompetinsje of ik al dan net weromkom nei de gemeenteriedsforkiezing it oare jier. Mar ik wol dochs efkes kwyt dat ik fan inkelde F.N.P.-leden in protte bystân en stipe ûnderfoun haw. Ien fan dy leden is us to jong ûnt- fallen, syn krêft en ynhâld wie great. Ek mei de fisy fan dizzen haw ik de stanpunten nei foaren brocht, en ek wol mei de ynset fan wij Nou bin ik der noch wolris op oansketten troch inkelden ût~dizze ried mei de fraech; "hwa binne dochs die wij." - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 24