- 3 - Nou komt it miskien inkelfâldich oer as jo in ienmansfraksje hawwe, mar ik tocht dat ik stelle kin dat it net altiten oan it tal leit, mar wol hwat foar ynhâld hat it, en mei hwat foar grounslaggen. Die fan de F.N.P. bisteane dan ût neistenleafde en gerjochtigheit Dit bitsjut foar my it tsjinjen fan it algemien bilang en perfoast net it groepsbilang. Dat typearet dat wy net in politiek ûnderskriuwe kinne. By de algemiene politike sitewaesje yn Nederlân sa t wy dy sûnt Maeije meimakke hawwe wol ik efkes stil stean. As F.N.P.er haw ik er in soartE argewaesje foar hawn hwant nimmen kin sizze dat it lânsbilang foarop stie. Mar wy hawwe ryklik in healjier genietsje kinnen fan in ordinaire toulûkerijAile politike kopstikken hawwe bisocht safolle mooglik foardiel to biheljen en dat it foarmjen fan in nij regear langer as in heal jier duorret, liket foar dizze minskenmar bijsaek to wêzen. De P.v.d.A.tige greatsk op de stiramingsutslach stapt fan wizens bûten de skuon en mei nou fan de wâl 6f tasjen. It C.D.A., hat wol bliken dien, kin aile kanten ût en Wiegel hie oars gjin praet dan dat hy foarstander wie fan in Nasionael Kabinet, mar nou it CDA hin oankrûpe wol, hie er blykber ynienen gjin forlet mear. In klub fan minsken ût aile partijen, dy 't meiinoar forantwurdelykheit drage wolle, ik leauw dat wy der mear forlet fan hawwe dan sa as it nou tagiet Ik haw noed dat de skerpe polarisaesjetoan fan de partijen net bifoardelik is foar de bistjûrberheit fan us folk. Gearfetsj end moat ik as F.N.P.er kwyt dat ik it in tryste saek fyn dat it peil fan it politike spul sa Sfsakket. Ek de skerpe opstelling fan fakbounen en wurkjowersorganisaesjes hat myn biwûndering net. Ik mis tofolle it prebearjen om mekoar to sykjen en to bi- gripen en sa soe men folle mear oansnije kinne. De moderne minsk fan anno 1977 liket oare noarmen to hawwen en kin mar ien wysheit, de wysheit fan de eigen groep en foaral deryn hiel feilich bisletten "it eigen ik"Foaral dat leste is wichtig. Ik haw it goed, mar ik moat it al goed hâlde, né lit ûs earlik wêze, Ik wol it noch better hawwe. Op dit egoïsme bisykje wykrampêftich in maetskippij op to bouwen of yn stan to hâlden De efter ûs lizzende kabinetsformaesje hat ûs yn elts gefal leart dat it heech tiid wurd, dat wy as folk doelbiwust prebearje ûs sels yn in mienskippelike verantwurdelikheit werom to finen. Mei dizze wurden foarsitter wol ik dan bislûte mar net sûnder de winsk ût to sprekken dat wy, en dan dûdlik ek mei de wijmeimekoar der yn slagje sille ek yn 1978 ûs gemeente sa goed mooglik to bistjûren. Ik tankje jim foar jimme oandacht. Stiens, 22 december 1977 F.N.P.-riedsfraksje Lj ouwerterdiel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 25