Ut namme fan de P.v.d.A. seit mefrou Stolte it folgjende; It maetskippelik barren kin, troch de beskikking oer de moderne kommunikaesje middels, oan hast gjin minske foarby gean. Wy kinne heare en sjen dat yn forskate dielen fan de wrald, de rjochten fan de minske mei fuotten trape wurde, de martelingen binne der in gefolch fan. Tôt it jier 2000 sille per dei san 100.000 minsken .stjerre fan de honger Bielden fan al dizze ellende wurde us dageliks foarhalden. In gefoel fan unmacht en skamte bekrûpt jin, as min betinkt dat wy meienoar forskrikkelik hurd drave, mar blykbaer wol de forkearde kant ut, en dermei ta de konkluzje komme, wy sitte yn een systeem dat de earmen earm hald, en de riken al mar riker makket en der wy oan mei dogge. Koartlyn hawwe wy ùt de parse fornimme kinnen, dat as er op nasionael en internasionael nivo, gjin nije spul- en leefriegels komme, op it mëd fan de handel, (dat forwachtsje de minsken mei sicht hjirop) in regelrjochte hannels- oorloch net te kearen wèze sil, en in krisis as yn 'e triticher jierren gâns yn de hân wurke wurdt. It oerliz en de beslutfoarming oer dit soart fan saken, leit net op e wei fan de gemeenten. Sels komt men er op nasionael nivo net ut. Al sunt maart 1958 bestiet it Europees Parlemint dat as taek hat, om op Europeesk en wraldnivo, in goede gearwurking ta stân te bringen. De besetting fan dat Parlemint barde op ondemokratyske wize, n.l. troch oanwizing fan de leden troch de nasionaele folksfortsjinwurdigingen. Der komt no foroaring yn. It neijier fan 1978 of it foarjier van 1979, dan kryt eltse burger it rjocht, mei to dwaen oan de rjochtstreekse forkiezings fan dit Europeesk Parlemint. De Nederlanders meie 25 leden beneame, en de gemeenten krije een bisundere forantwurdelikheit..hj.irien, n.l. de burger dudlik meitsje hwat foar roi Europa spilet yn harren deistich libben, en hoe slim ôfhinkelik harren takomst is fan die hechte gearwurking yn Europeesk en wrâld forboan. De gemeenten krije ek sels yn aloan greatere mjitte to krijen mei oer de grins rikkende fraechstikken, sa as ekonomyske untwikkeling, wurkgelegenheitensf Us fraksje wol er dan ek op oandringe, om as gemeentebistjur dizze forkiezings goed ta te rieden, troch de burger tidich to forsjen fan ynformaesje hjieroer, hwant ek dat is een eask die stelt wurdt, sil de demokraesje goed wurkje. De burger heart er ek by belutsen te wurden, hwant dizze foerkiezings binne net minder wichtig as die foar Prov.Steaten en Gemeenteried. Slimmer noch, yn e takomst sille de mooglikheden fan de gemeenten mear as oan t nou ta, ofhingje fan de beslissings dy der nommen wurde. Dejinge under us, dy san 4 of 5 périodes riedslid west hawwe, witte, dat de problematiek wer de gemeenten mei te krijen ha, yn gans opsichten foroare is. Beperkte it riedswurk him tweintich jier lyn op 'n inkelde utsundering nei ta binnen de gemeente, hj-eed de dei wurdt us miaiing freege oer saken liek as. it Streekplan for Fryslân, it Integrael Struktuerplan voor het noorden des Lands en wurd er oannommen dat men ienige kennis hat fan de Wet op de R.O. en de Milieuwet, rapporten oer Folkssounens en Wolwêzen en net to forjitten de pro blematiek roun de gem. Weryndieling. It is miskien goed efkes te herheljen, dat ek wy us utsprutsen ha foar it selstannich fuortbestean fan de gemeente, mar der is foar us wol een foarwaerde oan forboun, en wol, dat it mooglik wêze moat, it gemeentlik apperaet sadamch ta te rêsten, dat er in goede en aktieve tsjinstforliening foar de befolking mooglik is. en beslissende en utfierende taken by de gemeente bliuwe kinne. It fjirder gean mei de Regio sil foar us ynhâlde dat^wy de Regio sjen wolle as oerliz en gearwurkersorgaen. Ailes hwat de gemeente ôfskouwt oan taken, bitsjut in utholling, en in stap nei it foarmjen fan greatere gemeenten. Ut it stimmen fan de Reg. opheltsjinst fan smoargens, bliekt dat meerdere gemeenten er sa oer tinke. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 7