- 2 - As er bislutfoarming by de Regio pleats hawwe sil, dan folget derut nei us gefoel dat ek de Regio rjochtstreeks keazen wurde mat, en dan hawwe jo de 4e sa 't jo wolle de 5e bestjurslaeg die er yn wezen net komme moat. Wy forwachtsje dan ek, dat de koartlyn ynstelde stjûrgroep dy ta taek hat de foar en neidielen fan de Regio to undersykjen, syn earste befinnings nei de rieden trochspielet en dizze net earst ean skoft under wetter swimme lit. U.o. fan dizze untwikkeling sil us sjenswiize op it hanthavenjen fan Ljouweteradielas selsstâniche gemeente, yn de takomst ôfhingje. Finansjeel binne wy sterk ofhinkelik fan it belied fan de nasionale oerheit. De forheegë ryksutkeringen hawwe fan ynfloed west op de begreating, mei namme de forheging foar dit jier, foar it underwiis mei 110.000,- of 12%. De ofroune période hat it ryksregear troch in bettere utkearing oan de gemeenten, dudlik wurk makke fan harren utgongspunt fan sprieding fan macht. Wy binne beneid hoe as dat de kommende 4 jier wêze sil. Yn forban mei it ta stcênkommen fan it nije kabinet, mei in oare structuermeitaje wy us wol soarchen oer mooglike foroaringen fan fundamentele aard, dit is hielendal net untinkbaeras de nije premier seit, dat it mar goed is, dat er in ein oan de regerinsmacht van de P.v.d.A. kommen is, yn forban mei harren plannen foar maatskippyherfoarming. By de us iensjens hwat konservatieve opset van de begreating, wurdthjir en der oan in mearjierren bilied dien, as forbield de ruilverkaveling en de bibliotheek. Dertroch untstiet de yndruk, dat er op it stuit mar een bytsje jild foarhannen is, wylst it tsjin oergestelde wier is, as men by de neamde reserveringen de reserves opteld ut de Staet 0. In gefolch van dizze menier fan begreatsjen is, dat de post foar unfersjoen no roun 35.000,- lyts bliuwt en it de rieiladen meastal net dudlik is, wer buten de post unfersjoen om, jild te fijjnen is. Kin it belied yn dizze net hwat progressieverMei Progressief bedoele wy mear mei de werklikheit oerienkommend. As it kolleezje yn it forline stelt, dat er eigenlik gjin tiid foun wurde kin foar it opstellen fan in mearjierren raeming, en it measte nut er ek net fan ynsjocht for us gemeente, en oan de oare kant blykt dat mei troch ad hoc be- slissings fan de Rie, by sommige posten dudlik oan mearjierrenplenning dien wurdtderby nimmend een stik undudlikheit troch de menier fan begreatsjen, Tulner hat nies ek al een poging dien om der hwat oan te dwaen, dan aoenen wy graech op koarte termyn it hiele fraechstik roun de opset fan de begreating ter diskusje stelt sjen wolle, sadat wy by it bihandeljen fan de begreating foar it jier 1979 mear ynsjoch hawwe en dernei us belied bepaele. Wy sprekke us waerdjerring ut foar it foarstel fan it kolleezje foar ynfiering fan in dokumentaesjesintrum yn de skoallen. Wy binne fan bitinken dat men it, mei de moderne underwiismethoden net mear sunder san sintrura dwaen kin. fier dizze tsjinst wolle wy nei foaren bringe, dat wy respect hawwe foar de menier, werop de wurkers hjirfan, yn gearwurking mei it skoallepersoniel en stjûrgroep, ynhâld joun hawwe oan it wurk dat fan dizze tsjinst forwachte waerd. Wy hawwe de gedachte dat it ynstellen fan dizze tsjinst^goed west hat, en dat it bêrn er noch folle oan ha kin. Yn forban mei de extra forsjenningen tsjin de geludshinder, dy 't fan Rykswei oanbrocht wurde matte yn de beide skoallen to Britsum, scoenen wy it kolleezje opdraeche wolle, ailes yn it wurk te stellen om dit by de betreffende ynstânsje sa gau mooglik roun te krijen. Wy wolle net forjitte oan te heljen, de ynspanningen fan de befolking fan de lytse doarpen, foar harren gebouwen. Hja bewieze hjirmei dat hja der sels hiel hwat foar oer hawwe, om libben doarp to bliuwen. Yn it kader fan de Rijksbijdrage Reg. foar it foarm.- en untw.wurk hawwe wy as îen fan de earste gemeenten fan it Ryk tasein krige 15.000,- goed foar 1/5 kteft, foar 1 jier, foar it opmeitsjen fan in plan foldwaende oan dy regeling. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 8