- 3 - Sa it no stiet, sil de regeling foar it hiele Welzijnswerk 1 januari 1979 yn wurking gean, der sil dan yn opnomraen wurde de hjirfoar neamde regeling. Wy binne fan betinken, dat dizze nije regeling, liede sil ta in mear gear- hingjend belied yn de romte van it wolzijnswurk. Neffens us betinken is it nedich. dat de Rie' hjiroer it kommende jier foar- ljochting krijt en him besint op de wurking fan dizze regeling. Wy fornimme graech hoe as it kolleezje fan plan is dit oan to pakken. Foar 1 april 1978 sil ek it bestjur fan de bibliotheek in plan ynleverje moatte foar utbreiding fan it boekebesit. As dat plan ta utfiering brocht wurde kin, sil dat meiienen ynhâlde, dat de akkemodaesje fan de bibliotheek net mear tarikkend is, om ailes te bergjen. As bliken docht dat underbringing fan dizze tsjinstforliening yn de aide Pyter Jurjenshôf net mooglik is, dan sil in oare oplossing socht wurde moatte. Mei belangstelling folgje wy dan ek de Gntwikkeling roun 't aide gebouw de Pyter Jurjenshôf. Wy wolle er op oandringe dat de Stichtingsfoarm fan bistjur van de P.J.H. foroare wurd yn in mear demokratieske foarm. Wy tinke oan in gem.commissie. De ny beneamde redaksje fan "Op 'e Skille" hat noch neat fan aktiviteiten blike litten, dat is kwealiker fine wy, as de gâns aktiviteiten fan de foarige redaksje, mei ôf en ta it meitsjen fan fouten. It scoe yn elts gefal, de ynhâld fan it. krantsje ten goede komme, as de for- slagen kommissie- en riedsforgaderingen wer ôfdrukt waerden, tagelyk foldie it gemeentebistjur dan wer oan syn forplichtings om de burger de him takommende ynformaesje to bisoargjen. It spiet us dat yn de oanbiedingsbrief gjin oandacht bestege is oan de soarg- like siteaesje foar hwat betreft it Maetsk.Wurk. De krasse maetregels fan it Min. ta oansjen fan de faketurestop,mertsje dat de Maetsk. tsjinst N.W.Friesland gjin maetskippelik wurker mear plakt hat yn us gemeente. Wy scoenen graech sjen dat dit gemeentebistjur harren soarch blike lit oan it Min. van C.R.M. It is gjin taek mear foar it p.i. om to soargjen foar in goede Maetsk.tsjinstforliening. Feststeld wurde kin dat de minne namme dy 't Ljouwerteradiel yn it forliene hie, yn forban mei de tastân fan de sportfjilden, efterhelle is, it ynheljen fan dizze efterstân is mei mooglik west troch it regeringsbelied, weryn jilden beskikbaer stelt waerden foar de wurkleasheitsbestrieding. Torjocht krije ek de lytse doarpen harren part. Hwat de subsidiéring fan de sportakkemedaesjes en de materialen oangiet, miene wy dat de butendoarsport sa as it no bart, mei harren 30% gans mear bydrage moatte as de binnendoarsport. Wy scoenen de sportcommissie opdrage wolle dit 'r is foar us ut to siekjen, sadat wy ek op it gebiet van de subsi diëring in sa eerlik mooglik belied fiere kinne. De groei fan de gemeente sil in bliuwende oanpassing freegje, sa oertreft it oantal oanfragen om sealromte it oantal beskikbare uren al wer. Yn forban hjiermei wolle wei it kolleezje forsiekje, as it nedich wurdt om ut to wreidsjen, dan neist Stiens ek ris to bisjen, hwat de foar- en neidielen^ binneV, as dy romte bygelieks yn Hijum socht wurde scoe. Wy forwachtsje der mei de tiid in antwurd op. Ien fan de terreinen hwerop de gemeente binnen harren gebiet noch ridlik selstânnich wurkje kin is it gebiet fan de R.O. Dit leit us in greate forant- wurding op, de untwikkeling fan in gebiet wurd foar hunderten jierren festlein, ek it neigeslacht sil it mei us sjenswiize, datoangeande, dwaen moatte. - 4 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 9