Wurklist nr.23 Foarstel: 78/139 Stiens, 26 septirriber 1978. Underwerp: Frysk yn it Offisiële Forkear. Pan de Rie. It troch de wurkgrœp utbrochte tusken-rapport oangeande boppeneaird ûnderwerp bringt it Kolleezje ta ûndersteande rëaksje. Folslein iens is it Kolleezje it mei de ûtgongspuntenneamd op side 5, fan 'e wurkgrœp hweryn u.o. steld wurdt dat it minsklik individu himsels wêze en bliûwe wol.Kin ek yn syn kontakten mei de oerheit en dat soks ek bitsjut:it bruken fan 'e eigen tael. Diskriminaesje fanwegen tael is yn us lân net tastien. Der is in wèzenklik forban tusken eigen tael en eigenheit fan minsken en dat haldt yn dat der 't talen diskriminearre wurde, der wurde minsken diskrimineare. Mei oare wurden: in œrheit hat de plicht dat hja yn in twataliche mienskip yn har dwaen en litten stal jowt oan it bifoarderjen fan it passyf en actyf brûkken fan 'e Fryske tael. Utgeande fan it boppesteande kin steld wurde dat it Kolleezje him yn greate linen fine kin yn 'e utstellen en oanbifellingen neamd op side 39 fan it rapport. Hjirbij moat wol bitocht wurde dat net elts utstel bij it Kolleezje deselde prioriteit hat. Neist it ûnder de punten ien, twa en trye neamde sprekt itjinge ûnder wurden brocht yn 'e punten fjouwer en seis it kolleezje foaral oan. By punt seis wol it kolleezje noch wol nei foaren bringe nei syn bitinken net allinne D.S. it fœch takomt stâl to jaen oan to ûnderniimien aktiviteiten, mar dit hjirby -ek bilutsen wurde koe- dat dit alteast tige fan bitsjutting wêze soe- de ofdieling Fryslân fan 'e V.N.G. Meiwurking fan amtners by prov. en gemeenten is foar it slagjen fan it ien en oar in earst foarwaerde en organisaesjes fan amtners soene dan ek by it oerliz belutsen wurde moatte. Uteraerd kinne net aile utstellen en oanbifellingen fan hjoed op moam "ynfierd" wurde. Ut praktyske oerweagungen allinne al moat sein wurde dat ailes net yn ien kear kin, mar hwat nou as oer net al to lange tiid stâl krye kin, moat syn gerak krye. Derby gean de tinzen ut nei de hjirûnder neamde saeken, hwerby it kolleezje oanniiut dat it ûnder punt seis neamde op koarte tenryn aile oandacht kriget fan D.S. en de gem.bistjûren yn Fryslân. Daliks yngeande a. yn 't Frysk stelde ûntfcngen brieven ensf. wurde biandere yn it Frysk. b. wurklist rieds gearkcmste steld yn it Frysk. c. advertinsjes yn it Frysk, binammen oproppen foar sollisitanten foar safier pleatst yn prov.blêden. -I

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1978 | | pagina 123