Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 18e fan de roarmoanne 1979. □an de gemeenterie. Hjirbij noegje ik jimme ut om de riedsgearkomst fan de 25e van de Foar- moanne 1979 bij te wenjen. De gearkomste fynt pleats yn it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 ûre. De boargemaster, H.Boschma. Nûmmer fan de wurklist. WURKLIST Nûmmer fan it utstel. 1Undersiik gelove briefen fan it bineamde riedslid de hear J.Teitsma 2. Forkiezing fan in wethâlder 79/1 79/2 3. Fêststelling fan de bislutelist fan de gearkomste fan de 21e fan de Wintermoanne 1978. 4. Ynkommen stikken en meidielings. 5. Utstel om earfol ûntslach te forlienen oan mejM.Terpstra, direktrice fan it Pyter Jurjenshôf te Stiens. 79/3 79/4 Utstel om in neiberekkening ut te kearen bedrach oan it personiel yn tsjinst fan de gemeente Ljouwteradiel oer it jier 1978. 79/5 Utstel om in ekstra kredyt te forstrekken oan it bistjoer fan de St. foar Kr.Beukerûnderwiis te Stiens-Britsum foar it oantûgjen fan sinneskermen 79/6 8. Utstel om in kredyt beskikber te stellen oan it bistjoer fan de foriening foar Kr.ûnderwiis te Stiens foar it oantûgjen fan for- skate lear- en helpmiddels. 79/7 9. Utstel ta bineaming fan leden en forfangende leden yn de kommisje Rûmtelike Oardering. 79/8 10. Utstel om in lid en ferfangend lid yn it haedbistjoer fan de Rie foar Maetskiplike Tsjinstf erlt'erïin'g Fryslân te bineamen. 79/9 11. Utstel ta oanwizing as takke fan tsjinst fan it forsoargingsthus "Skilhiem" te Stiens en fêststelling fan in oardering op it finansieel bihear dêrfan. 79/10 12. Utstel ynsake nota utgongspunten foar de rûmtlike oardering en de wenningbou in de Regio Ljouwert. 13. Utstel insake nota alternatyf streekplan Fryslân.i 14. Utstel om it âlde skoallegebou te Hijum oer te dragen oan de Stifting Doarpshûs Hijum/Feinsum. 15. Utstel ta fêststelling fan de urginsjelist 79/11 79/12 79/13 79/14 16. Utstel om boarch te stean foar in jildliening foar it utwreidsjen en it ferbouwen fan it doarpshûs "De Bining" te Koarnjum. 79/15 17. Utstel om in subsydzje te ferlienen oan de Nederlanske Stifting Gelûdhinder. 79/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 1